Zoek op inhoud

Ferneamd: Jitske

Jitske en har man wiene in wykeintsje fuort, doe’t har broer belle: ‘Wy ha in famke krigen! Se hyt fan Jitske.’ Jitske koe it hast net leauwe: ‘Ik tocht earst, dit is in grapke.

Alde tante Jitske: is 76 jier en wennet yn Empe (Gelderlân)
Tante Jitske: is 39 jier en wennet yn Ryptsjerk
Lytse Jitske: is 3 jier en wennet yn Mûnein

Wy binne yn ús famylje allegear wol wat namsiik, dat ik hie wol tocht dat sy har ferneame soene. By harren earste berntsje wist ik de namme foar de berte al, mar no wist ik allinne dat it in famke wurde soe. Us mem wie slim siik en wist de namme al wol. Ik hie dêrom wol tocht dat har twadde namme Jitske wurde soe. Mar dat it har earste namme en ropnamme wurde soe, dat wie in prachtige ferrassing!

Lytse Jit en ik hawwe in hiele goede bân. Sy wol altyd graach nei har tante Jits. By har thús wurd ik soms sels ynsetten as sy wat dwers is, dan sizze se: “Oars gean wy aanst net nei tante Jitske hear!” Dan is it gau klear… Alle freeds pasje ik op en binne Jitske en har broer en suske by ús. Us mem hat altyd op ús bern passe, mar no’t sy ferstoarn is kin sy dat spitigernôch net foar de bern fan myn broer dwaan. Ik fyn it hiel bysûnder dat ik no sa’n spesjale rol yn it libben fan myn tantesizzers ynnimme kin. Lytse Jit is gek op knutseljen en kleurjen, dat docht sy de hiele dei. Freedtejûns komme myn broer, syn frou en ús heit ek nei ús ta en ite wy mei ús allen. In moai ritueel dêr’t wy allegear in soad fan genietsje.’

Jitske is sels ek ferneamd, nei hár tante Jitske. En dy is op har beurt ek wer ferneamd nei har tante Jitske. ‘Ik fyn dat hiel bysûnder. Alde tante Jitske wie baakster, en hat ek meiholpen yn myn kreamtiid. Sy hat altyd al myn leaflingstante west, ek al seagen wy har net in soad om’t sy fierder fuort wenne. As myn sus en ik dêr útfanhûs wiene, wie it altyd feest. Us bân is nei it ferstjerren fan ús mem noch sterker wurden, tante Jitske is hiel spesjaal foar my. Ik hoopje dat myn bân mei lytse Jitske ek altyd sa spesjaal bliuwe mei.’

Troch: Hieke Rienstra 
Foto: Hippe Kiek Fotografie

By beppe útfanhûs

Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe…

In prachtich printeboek, geskikt foar bern fan 4 jier en âlder.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer lytse ûndernimmers, oer heech gefoelige bern, poëzy, de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine