Zoek op inhoud

Ferneamd: Gerrit

‘Doe’t ik foar it earst hearde dat der in lytse Gerrit berne wie, hie ik wol in brok yn ’e kiel. Ik hie it net ferwachte. It wie wol hiel bysûnder en earfol. Ik fyn Gerrit in moaie namme.

Namme pake: Gerrit Andela
Berne op: 17 july 1957
Wenplak: Nij Beets

Namme pakesizzer: Gerrit Andela
Berne op: 21 desimber 2014
Wenplak: Nij Beets

Betsjutting namme Gerrit: sterk mei de spear

Ik bin sels ek ferneamd nei ús heit, dat wie ek in Gerrit. Myn soan en ik ha in lyts skieppebedriuw. In skoft lyn binne wy fan hús omruile. Sy wenje no op de pleats. Dêr hat Gerrit moai de romte. Al bin ik mei pensjoen, ik bin dêr alle dagen. Gerrit mei graach meihelpe. Foaral at it lammetiid is, dat fynt er prachtich. Dan helpt er mei it jaan fan de fleskes. Ek giet er wolris mei op de trekker.

Gerrit hâldt fan technyk, hy wol altyd witte hoe’t alles wurket. Dat hie ik eartiids ek. Dan sloopte ik in âld radio of boartersguodautootsje om te sjen wat deryn siet. Gerrit mei dan ek graach mei my of syn heit yn it hok ompiele.

Wy wenje no oan it wetter en Gerrit oppere lêsten dat wy wol in boatsje ha koenen. Dat no ha wy in boat en geane wy wol gauris even tegearre of mei syn broerkes te farren. Dat binne prachtige mominten.’

Tekst: Dieuwke van der Meer
Foto: Hippe Kiek Fotografie

It grutte Pake & Beppe foarlêsboek

In prachtich foarlêsboek foar beppes, pakes en alle oare minsken dy’t graach foarlêze! Mei mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt foar bern fan 2 oant en mei 6 jier.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #3

Yn dit nûmer giet it oer fjouwer generaasjes fan it selde geslacht, in prachtige bernekeamer, machtige foto’s fan bern dy’t wat útfretten ha, moaie boeketips, in artikel oer angst foar de befalling, Willeke Dikland oer hoe’t it is om al betiid yn de oergong te sitten en in artikel oer bern dy’t net goed sliepe kinne.

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine