Zoek op inhoud

Grutte Albert: berne op 19 jannewaris 1954 en wennet yn Hantum
Lytse Albert: berne op 29 jannewaris 2015 en wennet yn Hantum
Betsjutting Albert: ôflaat fan Adelbert of Adelbrecht, troch adel skitterjend

Pakesizzers
Albert Kuipers: ‘Ik ha twa soannen en beide hawwe se al harren bern ferneamd. Us jongste soan Jan en syn frou Marja ferwachten nei twa famkes in tredde poppe en se tochten doe ek dat dy poppe de lêste wêze soe. Dêrom woenen se my hoe dan ek ferneame. It waard in famke en dêrom waard it in Alberthe. Dat fûnen wy ek prachtich moai fansels. Dat se nei Alberthe noch wol in jonkje krije soenen, wisten se doe fansels noch net. In Albert en in Alberthe yn ien gesin wie wat tefolle fan it goeie en dêrom waard it jonkje in kombinaasje fan Wybe en Remeren; Wymeren.

Myn âldste soan en syn frou krigen earst twa fammen, mar yn jannewaris dit jier kaam harren tredde berntsje en myn 7e pakesizzer Albert op de wrâld. Ek al hie ik it wol in bytsje ferwachte, dochs fûn ik it in prachtich moaie ferrassing dat ik ferneamd wie. Mar hienen se net foar Albert keazen, dan hie ik dat ek goed fûn. Ik ha my nammentlik altyd foarnommen om dêr net moeilik oer te dwaan.

Wybe
Us heit hjitte nammentlik Liepke. Eins hie dat Ljipke wêze moatten, mar troch in ynskriuwflater yn it gemeentehûs is it Liepke wurden. Wol ha se him altyd Ljipke neamd, in echte Fryske namme. Mar it wie ek in namme dêr’t er sels eartiids hiel bot mei pesten is. As jongste bern yn in gesin hast net in grutte kâns om ferneamd te wurden en dus woenen myn frou en ik ús soan nei myn jongste broer Wybe ferneame en Liepke as twadde namme brûke; Wybe Liepke.

Doe’t ús earste soan midden yn de nacht berne waard, rûn ik bliid en eufoarysk nei ús heit en mem ta om se te fertellen dat sy pake en beppe wurden wienen. Us heit en mem wienen fansels hartstikke bliid en fregen entûsjast: “En, hoe hjit er?” Doe’t ik fertelde dat wy him Wybe Liepke neame soenen waard it mûsstil yn de keamer. Heit wie dúdlik teloarsteld. Yn dy tiid wie it in tradysje om de âlders te ferneamen. Se rekkenen der eins hast op. Begryplik dat it in grutte teloarstelling wie. Hy sei: “Meitsje der dan mar gewoan Wybe fan.” En sa is ús soan in Wybe wurden.

Ferneamd
Ik bin sels ek ferneamd, mar dan nei de jongste broer fan ús mem. Us mem kaam út in grutte famylje en altyd waarden as earsten de âlders of de âldste broers of susters ferneamd. Us mem hie dêrom besletten om har jongste broer te ferneamen, sa kaam dy ek ris oan ’e beurt.

Lykas mei alle pakesizzers bin ik ek tige wiis mei lytse Albert. Gelokkich wenje wy flakby en myn frou en ik sille skielk eltse wike in dei op him passe. Wat in rykdom!’

Ut: De Lytse Heit & Mem 2015 nr.2