Welkom op de pagina met Friese gedichten. Je kunt hier op de pagina de gedichten filteren op Friese geboortegedichten, Friese poeziealbumgedichten, Friese huwelijksgedichten en Friese rougedichten.
Wil je ook een gedicht insturen? Dag mag via ons contactformulier.
Filter op:
Sa trou as in hûntsje. Sa sêft as poes Bûntsje. Sa tink ik oan dy. Doch do it oan my.
Troch Marijke Haaima-Hoekstra (Ut: “Ta in oantinken fan” Ljouwert, 1981)
Licht is in flinter, grutsk is in pau, meager de wynhûn, in baarch is grou.
Keal is de kikkert, drok is in spin, boartlik it fôltsje, nijsgjirrich de hin.
Bliid is in protter, ûnskuldich in pyk, sterk is de buffel, mar do?* Do bist unyk!
Troch Berber van der Geest (Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)
Knyn Hiel sacht Super super sacht Super moai en sacht Leaf
Marte Oostenbrug Winner gedichtewedstriid 2008
Katsje klaut hûntsje knaut michje stekt kopke brekt gatsjes komme yn ‘e hoas mar dyn mem docht hiel wat oars! Mem skriuwt: Berntsje, dit stiet fêst. hasto soarch of noed of lêst hâld de koartswyl der mar by en begjin mar wer opnij, dan giet alles folle better, letter.
Diet Huber (Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
In hynder iet syn hjouwer en fûn in klaverfjouwer . Hy joech it oan de fret dy sei:”dat mei ik net!’ Hy joech it oan de kat dy sei:”wat spul is dat?” Hy joech it oan de hûn dy smiet it oer de grûn. Hy joech it oan de podde dy’t mei syn holle skodde. Doe joech dat hynder it oan my. Ik jou it daliks troch oan dy. Se sizze, dat der gelok yn sit, do moast mar ris sjen. Wa wit,wa wit.
Diet Huber (Ut: “Fryske poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
In doke frijlitten, dat fljocht de wrâld yn, want altiten yn dat kuorke, is net nei dokes sin. Ienris fljochsto ek de wrâld yn, de wrâld dy’tsto noch net kenst. Mar ferjit dochs nea dat kuorke, dêrsto ienris útflein bist.
Gouden spintsje hat it drok, wevet triedsjes fan gelok. Wyntsje waai wyntsje waai nimt in gouden triedsje mei.
Gouden triedsje yn ‘e sinne, wer giest hinne? Sjoch dêr waait it oer it lân, sjoch dêr leit it yn dyn hân. Wês der mar foarsichtich mei, oars dan rekket it noch wei.
Troch Diet Huber (Ut: “De Teltsjebeam”, Ljouwert 1976)
Der stie in bokje by it stek mei in blomke yn ‘e bek, en in briefke hie er ek. Wat soe dat foar briefke wêze, bokje, mei ik efkes lêze?
“‘k Winskje dy in protte lok. Goeie! Groetnis fan ’e bok!” stie der. En it wie foar dy. No, itselde mar fan my!
Troch Diet Huber (Ut: “De Teltsjebeam”, Ljouwert 1976)
Der sit in fûgel, fluch en blij yn’t fielend minskehert. Dy sjongt syn simmermelodij, by kjeld en wintersmert. En wêr’t dy sang him hearre liet, dêr brûze blommen op út d’ierd. Dy fûgel, leave faam, do witst, de ‘Leafdefûgel’ is’t!
De tsiis is foar de mûs, De kat is yn de sûs. Pyt sjongt trillers by de rûs En de hûn wekket oer it hûs. (Femke) wês as de bisten om dy hinne Dan skynt foar dy altyd de sinne.
Troch Klaske Hiemstra (Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)
“Mau!”sei de mûs, “Boe!”sei de hûn, “Piip!”sei de kat. Wat nuver spul is dat! Hoe soe dat no komme kinne dat dy bisten har fersinne? No, mar ik fersin my net as ik yn dyn album set: Rein of wyn of sinneskyn, hâld de moed der dochs mar yn!
‘k Fûn in plantsje tusken ’t gers ‘k ha dat yn in potsje set doe kaam der in blomke yn dat wie in ferjit-my-net. ’t Plantsje stie der prachtich by dêrom jou ik it oan dy, no en dan moat it wat wetter, silst ek oan my tinke, letter?
Diet Huber (Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Cookies
Op de website van heit&mem maken wij gebruik van functionele en analytische cookies.
Functioneel
Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt.De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.