Zoek op inhoud

Filter op:

Ut twa herten
ien leafde
ús leafde.

Ut ús leafde
in twadde libben
dyn libben.

Us leafde libbet yn dy.

Al ús letter
is mei dy.

Der sille hannen wêze
dy’t dy drage
en earms
dêrst feilich yn bist
en minsken
dy’t sûnder freegjen
sizze datst
wolkom bist.

Minyhantsjes
minyfuotsjes
minymûltsje
minynoas
Grut is ’t lok
in maksywûnder
poppeslokje
tsjoch en proast!

In glimke fan in ingel
naamst út de himel mei
in tûfke rôze wolken,
in moaie maitiidsdei.
In sulverwite fûgel
in gouden sinnestriel,
hantsjes om te aaien
twa wankjes fan flewiel.

Twa lytse fuotsjes
dy fuotballen omraak.
Twa lytse hantsjes
dy klapten withoefaak.
Wat wiest in droktemakker
dyn mem dy waard hast sljocht,
ús eigen lytse …
einlings kaamst foar ’t ljocht!

De iene sei: ús poppe wurdt in jonkje
De oare sei: in famke dat is wis
De iene sei: hy liket grif op pake
De oare sei: op beppe, sûnder mis
De iene sei: wat sil er wille meitsje
De oare sei: se dûnset as in swel
De iene sei: ús bern dat wurdt in wûnder
De oare sei: ik twivelje gjin tel!

Oan ’e kant
oan ’e kant
ik wol der ek graach by!
Hallo – hallo
hjir bin ik dan!
Wat fynst fan my?

Twa blauwe eachjes
In kopke mei ljocht hier
.. sintimeter lingte
en … pûn swier.

Do bist sa lyts en leaf
wy fine dy in wûnder,
no’tsto sa ticht by ús bist
wurdt alles hiel bysûnder.

Berte,
it makket waarm,
it makket kâld,
it rekket jong,
it rekket âld,
it bliuwt in wûnder
yn’e wrâld.

Us leafde
libbet
yn dy.
Libje
dyn libben
yn leafde
eltse dei
op ’e nij.

Net foar te stellen
sa bysûnder
Nea fanselssprekkend
foar ús in wûnder