Zoek op inhoud

Do silst dyn memmetaal noait ferjitte, sa docht bliken út in nije stúdzje. Wittenskippers hawwe ûntdekt dat sels in koart kontakt mei de earste taal ynfloed hat op de manier hoe’t it brein gelûden ferwurket en ynterpretearret. 
Wittenskippers fan de mcGill Universiteit yn Kanada hawwe it ûndersyk útfierd op Frânstalige bern dy’t as pjut in skoft Sjinees hearden. Se seagen dat der by dizze minsken doe’t se grut wienen noch altyd twatalige aktiviteit te mjitten wie yn it brein. Dêrnei hawwe se nochris de proef op de som naam mei in trije groepen bern mei ferskillende taalachtergrûnen.

‘Yn it earste libbensjier, as ek de taalûntwikkeling op gong komt, is it brein fan in lytse poppe hielendal ôfstimd op it sammeljen fan gelûden fan de taal dy’t se om har hinne hearre’ seit Lara Pierce fan Mc Gill. Se lit mei har stúdzje sjen dat bern dy’t yn it begjin fan har libben in oare taal om har hinne hearden, oars taal ferwurkje as bern dy’t mei ien taal opgroeie.

 

Mear lêze oer it ûndersyk?

Frysk leare?