Fan 5 oant en mei 16 oktober is it wer de jierlikse Berneboekewike. Yn dy wike krigest by besteging fan op syn minst € 12,50 oan berneboeken de ‘Healwize Beamhutferhalen’ fergees by de boekhannel. Dat is in hiel bysûnder kado, om’t dit it earste jier is dat it Berneboekewikegeskink ek yn it Frysk oersetten is. Dêrnjonken is it ek de earste Fryske ferzje út de populêre berneboekesearje ‘De Waanzinnige Boomhut.’
Bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton ha wer in bysûnder grappich eksimplaar skreaun, mei healwize ôfbyldingen. Dêrneist hat Martsje de Jong it ferhaal prachtich oerset yn it Frysk, wêrtroch’t de grappen noch better binnenkomme.
De freonen Andy, Terry en Jill belibje hiele gekke aventoeren yn harren beamhut. Kinst it sa gek net betinke of se meitsje it mei. Aventoeren dy’t yn it echt ûnmooglik binne, mar dêrtroch wol de fantasij fan de lêzer prikkelje. Sa triuwe se in stoel yn har noas op de ‘Stoel-Yn-Dyn-Noas-Dei’, feroarje se foar in middei yn in hûn en springe se by de hege sprongen-springwedstriid sa heech dat se yn de stratosfear belânje. Alle ferhalen wurde ûndersteund troch prachtige ôfbyldingen, wêrtroch’t it ferhaal noch mear begjint te libjen. Dêrnjonken wurdt der gebrûk makke fan ferskillende lettertypes en springe guon wurden letterlik út it ferhaal, omdat it dik drukt of hiel grut delsetten is. Dêrtroch wurde je meinommen yn de emoasjes fan de haadpersoanen. Elk ferhaal wurdt ôfsletten mei in grapke fan trije lytse pinguins.
It boek is geskikt foar bern fan sân oant njoggen jier. Sels tink ik dat âldere bern it ek prachtich fine. It boek befettet seis losse ferhalen en is dêrom ek geskikt om foar te lêzen foar it sliepen gean of yn de klasse. Ik tink sels dat bern fanôf in jier of fiif de humor yn it boek ek al wurdearje kinne. It boek sit fol mei grapkes, gekke dingen, frjemde nammen en nuvere wêzens. Dêrtroch ferfeelt it nea.
Koartsein: dit boekje is in kadootsje, yn meardere opsichten!
Wytske Jongbloed út Wytgaard
Wurksum as logopedist binnen it spesjaal ûnderwiis
-> Wytske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.