Zoek op inhoud

De earlike finer, it is alles of neat

Fan sneon 11 maart o/m snein 19 maart is it wer de nasjonale boekewike. At jo yn dy wike op syn minst € 15,00 útjouwe oan de oankeap fan boeken krije jo it boekewikegeskink der hielendal foar neat by.

Foar neat en dus gratis. In jûn hynder meie jo net yn ’e bek sjen. De earlike finer is earlik in prachtich ferhaal, in moai boek.It hynder hoege jo dit jier wis net yn de bek te sjen.

It geskink is dit jier fan de Flaamske skriuwster Lize Spit. Noch mar 34 jier jong en yntusken bekend wurden troch har earste boek “Het smelt”. Foar de boekewike 2023 skreau hja “De earlike finer”. In moai, pakkend ferhaal, alhiel passend yn it tema fan de boekewike: “Ik bin alles”.

It spilet him ôf yn de Flippo-sammeltiid. Al in skoftke lyn dus, mar it ferhaal is hjoeddeisk.

It ferhaal giet oer Jimmy, in jonge dy’t hâldt fan alles krekt, suver en goed. Kreas docht hy alle sammele flippo’s yn syn mappen, yn hoeskes, en hy beskriuwt se yn skriften. Om sa syn samling noch mear ynhâld te jaan.

Op skoalle kriget Jimmy in nije tafelpartner. It is de Kosovaarske flechtling Tristan. Tristan wurdt syn maat, syn freon, syn alles.

Jimmy eigenet him Tristan ta. Hy wol alles foar him dwaan. Hy hat der muoite mei at oaren wat betsjutte kinne foar Tristan. Want Tristan is fan him. Jimmy komt dêrom ek by Tristan oer de flier. Hy helpt Tristan en dêrmei ek it hiele gesin om Tristan hinne mei húswurk en de Nederlânske taal.

It docht Jimmy goed om echt wat te betsjutten foar Tristan. Op skoalle blykt dat net foar neat te wêzen. Spitich genôch moatte Tristan en syn famylje it lân ferlitte, se wurde útsetten. Mei dêrtroch komt it taeigenjen fan Tristan op in hichtepunt. Mar dat moatte jimme sels mar lêze.

It ferhaal rint op nei dat hichtepunt, jo fiele it as lêzer oankommen en wurde meinommen yn dy ôfrin. En al lêzend wolle jo witte hoe at it komt. Wurdt it foar Jimmy alles of neat?

Lize Spit hat in tige moai, spannend en lêsber ferhaal skreaun. It earste moaie is dat it in ferhaal oer de jongerein is. De earlike finer is dêrmei ek tige geskikt foar de jongerein om te lêzen.

It twadde moaie is dat it nasjonale boekewikegeskink ek yn it Frysk útbrocht is.

Lize Spit, in Flaamske skriuwster, skriuwt foar de Nederlânske boekewike en dat wurdt ek noch yn it Frysk útjûn. In hiel ferskaat. En wat komt de Fryske taal troch it skriuwen fan Lize Spit prachtich nei foaren. Dat alles krije jo foar neat.

Pieter Zuidema

 

Dit boek krigest yn de boekewike fergees by oankeap fan 15 euro of mear oan boeken!

-> Pieter is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 
  
Op