Zoek op inhoud

Doe’t Dieuwke yn de mail de fraach stelde wa’t in resinsje foar ‘Wêr is Keimpe?’ skriuwe woe, wie ik der rap by. Ik hie al wat fan dy krokodil sjoen. Hy is ‘it boechbyld foar it Frysk foar basisskoalbern’ yn de metoade ‘Spoar 8’. Lykas Tomke foar pjutten.

It boek like my leuk foar ússels, mar ek foar myn bûtenlânske kursisten. As ik fertel dat ik Frysk bin, wolle sy faak graach wat wurden yn it Frysk hearre. Skynber skept dat dochs in bân, in oare memmetaal hawwe

Us jongste en ik binne fuort oan it speuren gien. Wy ha in pear kear op de side fan ‘de buorkerij’ socht, mar koenen it krokodiltsje dêr net fine. Jakob Jan sei dat se dy side ek al ris op skoalle op it digiboerd hân hienen en dat Keimpe doe achter de kroade, boppe yn de heabult siet… Mar ik nim dat mei in kroade sâlt :P. (redaksje: Op de buorkerijplaat meist sels Keimpe in plakje jaan troch dêr in stikkertsje fan Keimpe op te plakken.)

Wat moai om sa in skoft hielendal ‘yn it momint’ yn it boek om te blêdzjen. Wy stelden elkoar fragen, neidat wy Keimpe op alle siden fûn hienen. Guon plaatsjes lieten my laitsje. Sa as by ‘bistetún’ it jonkje dat in raar gesicht lûkt nei in oaljefant, dat docht my tinken oan de (âlde) reklame fan sûkelade dêr’tst kramp fan yn de kaken krigest Of by ‘skoalle’, datst krekt sjochst dat der immen op it húske sit of dêrhinne draaft.

Wat my wol opfoel, wie dat guon wurden (sa’t wy wol faker yn it Frysk dogge) ferhollânske wienen. Bygelyks in persoan dy’t in wichtige rol hat yn in tsjerketsjinst hjit ‘dominy’ en net ‘dûmny’. Mar it ‘reedriden’ waard wol neamd. Super! En by in ‘loophek’, sa’t ik eins altyd sei doe’t ús mannen noch lyts wienen, stiet hjir ‘rinstek’. Moai!

Foar in ‘poppeflesse’ hie ’k ‘sûchflesse’ ek wol moai fûn, en ‘sobber’ (‘speen’) ûntbruts ek. Mar dat binne dan noch wat ideetsjes foar ‘Wêr is Keimpe no?’ (diel 2 dus) Want wat my oanbelanget mei der noch wol sa’n boek komme!!!

Groeten Jolanda Paulus

‘Wêr is Keimpe’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

-> Jolanda is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.