Zoek op inhoud

De resinsje fan Jeltje – Tije

Nei in drok wykein sit ik mei Tessa (7) op de bank mei it boek fan Mirjam van Houten. It boek is foar ús bern net hielendal nij, mar dat makket neat út. Ferdwine yn in boek fynt se hearlik. Dêrby fynt se it ek prachtich om har eigen ynbring ta te foegjen. Sa begjinne we dan ek mei earst mar ris goed nei de foarkant te sjen en dêrnei begjinne we te lêzen.

Tije wennet mei syn heit en mem op it plattelân. Trochdat syn heit en mem beide yn de stêd wurkje, liket it syn âlders better om nei de stêd te ferhúzjen. Tije sjocht dat net sitten. Hy hâldt fan de romte en it libben op de pleats. Hy wol boartsje by de goare dreksleat mei it slingertou. Hy sjocht de foardielen net sa at syn âlders dat sjogge. Tessa snapt Tije wol. Bûten boartsje op de trampoline en skatten sykje op ’e skelter yn it bosk kinne ek folle better bûten de stêd. Dêrneist fynt se dat grutte minsken te maklik tinke oer ferhúzjen.

Yn ’e stêd krijt Tije kunde oan Tseard. Earst meitsje se in praatsje by in bankje en letter komt Tije ek by Tseard thús op de wenboat. Tseard is in bysûndere man en hy sjocht oeral it positive fan yn. Hy nimt Tije mei de merk op en sa komt Tseard oan iten en klean. Eins lit Tseard Tije in oare kant fan de maatskippij sjen. Dat it net foar elkenien fanselssprekkend is dat der klean yn ’e kast lizze en iten op tafel stiet. Tije en Tseard belibje tegearre prachtige aventoeren. Tessa fynt it wol sneu foar Tseard. Se wol har bûsjild wol oan Tseard jaan.

It boek Tije is echt prachtich. Yn earste ynstânsje fûn ik 96 siden bêst folle foar in berneboek, mar it lêst sa flot dat it jammer is dat it boek út is. De tekeningen passe by it ferhaal en de beleving fan de bern.

Neidat we it boek út hawwe, prate Tessa en ik nei oer it hawwen fan freonen en dat we al gau ôfgean op hoe’t ien derútsjocht en hoe’t dy wennet. Mar úteinlik is it belangrykste dat je it gesellich hawwe en dat je leaf foar elkoar wêze moatte. Tessa freget ta beslút at se ek in rôt ha mei… en dêrmei fljocht se fuort nei de trampoline.

Jeltje Reitsma út Stiens

-> Jeltje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Tije

Tije mei graach bûten by de buorlju op de pleats boartsje.
Mar no moat er ferhúzje nei de stêd en dêr sjocht er bot tsjinoan.
Soed er dêr wol freonen krije? En hoe soe it op skoalle gean?
Yn ʾe stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat helpt…

In boek foar bern fan 7 – 9 jier oer in plakje fine yn in nije omjouwing.
Mei prachtige yllustraasjes fan de skriuwster sels.

Emoasje en humor yn ‘Sipke syn Alvestêdetocht’ (troch Reina Smeink-Kroodsma)

Sipke syn Alvestêdetocht is de earste yn ‘e rige fan twatalige Gouden Boekjes fan Lida Dijkstra. Op rym en mei prachtige yllustraasjes fan Harmen van Straaten. 

Ast it hânskrift fan dyn bern net lêze kinst

Bernefysioterapeute Geeske van Kesteren: ‘Elk bern freget om in eigen oanpak, net allinnich omdat elk bern oars is, mar ek fanwege de ûntwikkelingsfaze dêr’t it bern yn sit. Dat binne essinsjele dingen foar bernefysioterapeuten om rekken mei te hâlden.’  Geeske van Kesteren is fysioterapeute by Fysio Lemsterpark en hat de master Kinderfysiotherapie yn ’e bûse. Trije jier ekstra stúdzje om bern fan 0 oant 18 jier behannelje te kinnen. Wat soe sy tsjinkomme yn har praktyk?

Boekresinsje ‘De bûseskatten fan Poike’ troch Thominde

De titel van dit boek past heel goed bij mijn dochter van 6 jaar en zoontje van 4 jaar. Elke dag uit school kijk ik hun tassen en hun jassen na, om bijzondere schatten te ontdekken. Van meelwormen (voor de schoolkippen) tot diamantjes  die op de grond van het schoolplein lagen en van klei  (wat lekker vastgekleefd zit in de jas) tot steentjes die ze als ‘maansteen’ bestempelen. Elke dag is weer een feest wat ze hebben verzameld. Dus toen ik een recensie mocht schrijven over dit boek, wist ik dat dit een voltreffer zou zijn bij de kinderen.

Kollum: Snein (troch Sjoukje de Boer)