Zoek op inhoud

De resinsje fan Jeltje: Stip yn it swimbad

Stip giet mei syn mem nei it swimbad. Hy fynt it wol in bytsje spannend, mar gelokkich stelt syn mem him op syn gemak. Dêrtroch fynt Stip it úteinlik hiel leuk yn it swimbad. 

Sadree’t we it boekje út it kadopapier tefoarskyn helje, lit Janneke (9,5 moanne) in gjalp hearre: se fynt it in moai boekje. It boekje hat moaie felle kleuren; dat soarget foar dy reaksje fan Janneke. At it boekje dan ek noch oer in hûntsje giet, is it hielendal feest.

Om’t it boekje fan dik karton is, kin Janneke ek sels maklik de siden omslaan. 

Ik fyn it boekje hiel geskikt foar jonge bern om’t it ferhaal net sa lang is en dêrom ek goed yn ien kear te lêzen is mei bern fan noch gjin jier âld. 

Ek soargje de felle kleuren en net tefolle plaatsjes op ien side derfoar datsto de oandacht fan dyn bern goed fêsthâlde kinst. 

Iennichste minpuntsje oan it boekje is dat de kleur op de rânen fan de siden wol reedlik gau loslit troch it fêstpakken en omslaan. 

We ha it boekje yn ’e wenkeamer lizzen. Elke kear at Janneke oan ’e hân dêrhinne rint, hoecht se mar in glimp fan it boekje op te fangen of we krije wer in blide gjalp fan har. 

Konklúzje: it boekje falt hjir goed yn ’e smaak en wy riede it oaren ek oan. 

Jeltje, út Berltsum (lid fan it Afûk-boekpanel)
Mem fan Janneke 

Stip yn it swimbad

Stip sil te swimmen mei syn nije swimbân. Doart er wol yn it wetter? In leaf ferhaaltsje foar bern dy’t it swimbad noch wol in bytsje spannend fine.