Zoek op inhoud

De resinsje fan Irene: It simmerboek

Fan bûten sjocht it der al as in prachtich boek út. Lekker simmersk giel en útnûgjend dik. Hoewol’t ik oars hoopje, kin it mei dit boek de hiele simmer wol reine, want it boek hat hast 100 siden mei ‘simmerske ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes. Foar yn de simmerfakânsje, thús of ûnderweis.’

As ik in knutsel- of puzzelboek yn ’e winkel lizzen sjoch, blêdzje ik dêr altyd efkes trochhinne om te sjen oft it wat foar Seppe (5) is. En geregeld kom ik mei ien thús. Mei it idee dat ús bern harren dêr op in reinige dei oerenlang mei fermeitsje kinne. Reade wangen en puntsje fan ’e tonge út ’e mûle.

It Simmerboek fan de Afûk is dus dúdlik oan ús bestege. Omdat it foar bern fan 2 oant en mei 6 jier is, sil Arne der miskien ek al wille fan hawwe. Fan bûten sjocht it der al as in prachtich boek út. Lekker simmersk giel en útnûgjend dik. Hoewol’t ik oars hoopje, kin it mei dit boek de hiele simmer wol reine, want it boek hat hast 100 siden mei ‘simmerske ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes. Foar yn de simmerfakânsje, thús of ûnderweis.’

Ik haw gelok: flak foar ús wykeintsje op de camping ploft dit boek op ’e matte. Ik ferstopje it kadootsje yn ’e caravan. Moarns betiid (hoera, it reint!) mei Seppe it boek útpakke. Hy blêdet der daliks trochhinne en bliuwt hingjen by de oanklaaipop. As ik him útlein haw wat de bedoeling is, grypt er fuort de skjirre. Mar dan twifelt er. ‘Knippe? Dan giet dit kapot!’ Hy wiist nei de sintsjes dy’t op ’e achterkant fan ’e knipblêden steane. Sa lit Seppe daliks in neidiel fan dit boek sjen. It Simmerboek is, foar bern dy’t sunich binne op it spul, hast te moai om yn te kleurjen en te knippen.

Der steane echt in soad leuke dingen yn om te dwaan.

It kostet my wat oerredingskrêft, mar úteinlik knipt Seppe entûsjast it popke út. Yndie, mei reade wangen en it puntsje fan de tonge út ’e mûle. Ik bin ferbaasd oer hoe netsjes oft hy dat al kin, want it is net maklik knippen yn dit boek, dat hieltyd tichtfalt. Faak iepenslaan en brûke, dat helpt.

Efkes letter besjoch ik it boek nochris better. Der steane echt in soad leuke dingen yn om te dwaan. Op de earste side meie bern sels harren namme opskriuwe en harren eigen gesicht tekenje. Handich om spul te foarkommen: alle broerkes en suskes harren eigen boek. Wat folget binne mear as 30 spultsjes, lykas sykplaten, letters werkenne, ferskillen sykje en rymje. En foar wa’t mei de auto fuort sil dizze simmer: der binne ek spultsjes foar op de achterbank by. En foar op de camping (ik tink oan kampfjoer en gitaar) noch in stik of wat ferskes. Sa kinne wy de Frânske bern moai wat Frysk leare.

Irene (lid fan it Afûkboekpanel)

Simmerboek

Foar yn de simmerfakânsje, thús of ûnderweis! In boek fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes, spesjaal foar bern fan 2 o/m 6 jier.

Mar gau (foar)lêze, sjonge en dwaan!