Zoek op inhoud

We krije wer in slúf fan de Afûk oer de post. Entûsjast meitsje ús dochters de slúf iepen. In boekje oer Tomke. We lêze graach oer de aventoeren dy Tomke belibbet. Ek dit boekje falt fuortendaliks yn de smaak. It is net in ‘gewoan’ boek mei losse siden. It boek flapt as in soart fan harmoanika út.

It boekje telt yn 7 nachtsjes ôf nei Tomke syn jierdei ta. Mei de kalinder dy wy by it boekje krigen hawwe kinst sels ek 7 nachtsjes ôftelle oant dyn jierdei. Alle personaazjes dy wy fan Tomke kenne komme foarby. Se ha allegear in oare rol yn de tarieding op Tomke syn jierdei. It ferhaal is op rym skreaun. Dat lêst flot en sprekt de bern altyd wol oan. Kornelia fertelt Tomke oer it feestje en de besite dy’t te taartiten komt. Romke nifelet moaie slingers fan kleurde papierstroken. Yana Yu hat in geheimke. Juf Klaske makket in feesthoed. Bakker Broadsje bakt de taart. Buorman Piter is oan ’t spyljen, noch ien nachtsje sliepe oant Tomke syn jierdei: HIEPERDEPIEP HOERA!

It boekje is oan beide siden beprinte. Op de iene side mei it ferhaaltsje, op de oare side mei feestlike yllustraasjes. Foar de jongsten moai om te beneamen wat dêrop te sjen is en sa de wurdskat út te wreidzjen. Yn it boekje wurde ek de dagen fan de wike beneamd. Leuk om te oefenjen mei de âldste.

It is in fleurich boekje. It ûnderwerp sprekt de bern oan. De eigen jierdei is ek altyd sa spannend! En wat duorret it wachtsjen altyd lang oant it safier is! Mei dit boekje wurdt it wachtsjen krekt wat nofliker.

Nijsgjirrich wurden nei dit leuke boekje of hat ien fan de bern (yn de omjouwing) hast de jierdei? Tomke syn jierdei is in goeie tarieding op in bernejierdei en alles wat derby heart. Geskikt foar pjutten en beukers (0-4 jier).

Hilde van Kalsbeek, mem fan Marij (4) en Else (2) út Warkum.

 

‘Tomke syn jierdei’ is foar € 6,50 hjir online te bestellen.

-> Hilde is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.