Zoek op inhoud

De resinsje fan Elmatine: Tomke syn jierdei

It is hast Tomke syn jierdei. Noch sân nachtsjes sliepe en dan… Yn dit lytse boekje komme alle bekende figueren fan de Tomke-ferhalen lâns. Elkenien is op syn eigen manier dwaande mei it tarieden fan Tomke syn jierdei. Alle kenmerken fan in jierdeifeestje komme foarby: besite dy’t lânskomt, slingers, in kado, in feesthoed, in taart en natuerlik feestmuzyk.

It boekje hat in harmoanikafoarm. It earste diel, alle tariedingen, kinsto as in normaal boek lêze. De alderlêste bledside is in hiele lange, wêrby’t it hiele boekje útflapt wurdt. Dat soarget foar in nijsgjirrich effekt by de lytse lêzer. Sels it boekje hiel lang meitsje is dan ek faak dien, mei de bypassende wurden: HIPERDEPYP HOERA!

We hawwe it boekje faak lêzen koart foar Ruben syn eigen (twadde) jierdei. Ik fûn it in aardige tarieding op syn eigen feestje. Op dy manier ferwachte er dat der minsken lânskomme soenen, dat der taart, kado’s en slingers wienen. Spitigernôch hawwe wy gjin bakker Broadsje yn ’e buert, mar ek de taart fan ús eigen bakker foel yn ’e smaak.

It boekje sels lêze giet by ús ek goed, omdat it ferheljende plaatsjes hat. Mar by it wer ynklappen fan it lange boekje haw ik in ûntefreden jonkje. It slagget him net om it boekje sels wer yninoar te klappen. Dêrtroch is it boekje al wat flugger beskeadige.

Al mei al in nijsgjirrich lyts boekje foar lytse pjutten mei it tema jierdei. In aardige manier om dyn eigen pjut te fertellen oer syn jierdei.

Elmatine, mem fan Ruben (krekt 2 jier) út Ljouwert

 -> Elmatine is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Tomke syn jierdei

Dit kartonnen úttearboekje Tomke syn jierdei ferskynt nei oanlieding fan it 25-jierrich jubileum fan Tomke. Tomke kin hast net wachtsje, mar hy moat noch sân nachtsjes sliepe foardat it feest is.

Resinsje fan Jelly: ‘jierdeikalinder’

De resinsje fan Annemarieke: ‘Tomke nei de bosk’

Wy krigen in oantal wiken werom it boekje fan Tomke nei de bosk. Ien fan de boekjes oer de fjouwer seizoenen, dêr’t wy wat oer fertelle meie. Us Maaike hat it doaske út de brievebus helle en freget oan mem: ‘Wat sit hjiryn?’ Mem seit: ‘In kadootsje foar dy!’ Maaike pakt it entûsjast út en ropt nei mem: ‘Nij boek foar my!’

Lêstip fan Keimpe: Ik wol in bosk op ’e jierdei

‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’ is in betsjoenend printeboek fan auteur en yllustrator Linda de Haan. In fleurich printeboek oer de magy fan beammen en dreamen dy’t útkomme.

Resinsje fan Sita: ‘It aldermoaiste Dinoboek’