Zoek op inhoud

En der lei samar ‘n moai pakketsje yn ‘e brievebus. Moai ynpakt dus de bern hiel ferrast!

In nij boek, it hjit: De Beam. Wy hawwe it fuort lêzen. Prachtich boek.

Bob wie oan ‘t rinnen fan ‘e winkel nei hûs ta doe’t er yn ‘e fierte in beam stean seach… Hij frege ‘m ôf wat der oan ‘e oare kant fan dy beam wie. Bob wie sels alris nei de beam ta rûn mar doe kaam der in hûn oan… en doe is er gau fuortdraafd. Doe wist Bob noch net wat der oan ‘e oare kant wie.
Doe’t Bob sa oan it neitinken wie kaam Hilbert deroan. Hilbert frege oan Bob wêrom’t er sa nei de beam stie te sjen… Bob sei dat er graach witte woe wat der oan de oare kant fan de beam wie. No, dat wist Hilbert wol; ‘neat spesjaals’ sei er en soe alwer oer wat oars begjinne. Dat liet Bob net ta en hy frege alhiel fernuvere oft Hilbert der echt west hie.  Hilbert antwurde: “Al hiel faak!” Hy hie ek wol fierder west as de beam. Bob koe ‘t him hast net foarstelle, noch fierder as dy beam. Mar Hilbert sei dat er de hiele wrâld al oer west hie en dat er dat dwaan koe omdat er fleane koe. Dat koe er net oan Bob sjen litte want hy hie de hiele dei al flein en wie wurch. Ek doe’t Bob it leaf frege liet Hilbert it net sjen en rûn wer fuort. Bob bleau noch efkes stean te sjen nei de beam en gie doe ek mar nei hûs ta…

Wy fûnen it in hiel leuk boek. Want soe it wier wêze dat Hilbert fleane koe? De hiele wrâld al oer west hie? En al fierder west hie as de beam? It ropt wol fragen op by de bern en se tochten hjir dat Hilbert net hielendal earlik wie tsjin Bob en dat fûnen se net leaf fan him.

De plaatsjes yn ‘t boek binne wat ‘simpel’ mar it ferhaal ropt wol fragen op. Dêr kinst dan wer moai op trochgean. Want wat tochten de bern dat der achter de beam wie? Je witte ‘t net en sille ‘t ek nea witte. It is ek net in kleurryk boek mar ‘t past der wol presys by! It hat fansels in moai boadskip: bliuw earlik!
Wy fûnen it in prachtich boek om te lêzen. Wy sille it op ‘e opfang noch gauris derby pakke, wy binne gek op boeklêze!

Fan Tiete Fokje van Eijk fan berne-opfang de Flintertún yn Arum

Op ’e foto Thalita van Eijk, Jeljer en Froukje Bakker

It boek ‘De beam’ is foar € 14,50 hjir online te bestellen.

-> Tiete Fokje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.