Hannen en fuotten fleane troch de loft en fleurich laitsjen dûnset troch de tún as Dennis (11) en Lara (3) op de grutte trampoline springe. “Hoger, hoger”, ropt syn lytse suske as Dennis syn keunsten sjen lit. Pake ? glimket grutsk. “No jonges, oant oare kear!” wuift er as er fuortgiet. “Ciao pake, oant moarn!” ropt Lara wylst se fanatyk swaait. Portugeesk, Frysk of Nederlânsk; Dennis en Lara kombinearje de trije talen sûnder muoite yn ien sin. Wolkom yn de wûndere wrâld fan in trijetalich gesin.
It is hast simmerfakânsje en de koffers stean al klear yn de gong by de famylje Van Wieren yn Aldegea (Sm). Op de kast lizze fjouwer fleantickets mei yn dikdrukte letters de einbestimming: Vitória, Brasilië. In sinnich badplak mei in hearlik strân foar Dennis en Lara, mar boppe-al de bertestêd fan harren mem Giuliani Gadioli Campus. Omkes, muoikes, neefkes en nichtsjes en harren leave oerbeppe ‘Vovo’ wurde ien kear yn ’e twa jier opsocht troch it Fryske gesin yn de simmerfakânsje. In moanne fol gesellige famyljediners, dagenlang boartsje op it strân en feestlike muzyk. En dat alles fansels yn de Portugeeske taal. “Maar dat is niet zo moeilijk hoor”, laket Dennis. “Dat spreken we hier thuis ook altijd.”
Strukturearre taalferdieling
Wa’t by de famylje Van Wieren oan tafel skoot, mei it wurdboek wol meinimme. Heit Wietze praat Frysk, mem Giuliani Portugeesk en Dennis en Lara ûnderling Nederlânsk. In fassinearjende taalsymfony is it resultaat. Kalme Fryske sinnen wurde ôfwiksele mei rappe Portugeeske wurden. “Een Braziliaanse vriendin die een tijdje geleden bij ons op bezoek was, riep tijdens het eten vol ongeloof uit: ‘Ik word gek! Dit is echt niet te volgen hoor’”, knypeaget Giuliani. “Maar als je eenmaal weet hoe het werkt, is het eigenlijk heel gestructureerd. Wietze en ik spreken beide onze moedertaal met de kinderen en onderling is Nederlands de voertaal.”
“Een Braziliaanse vriendin die op bezoek was, riep tijdens het eten vol ongeloof: ‘Ik word gek. Dit is echt niet te volgen hoor’”
Om te begripen hoe’t de taalferdieling by de famylje Van Wieren yninoar stekt, moatte we werom nei 2001, it jier dat Giuliani in noflike Braziliaanske simmerklimaat ferruilet foar de wiete hjerst en kâlde winter yn Fryslân. Net allinnich it waar is wennen, benammen ek de Nederlânske taal blykt lêstich ûnder de knibbel te krijen. Yntusken praat Giuliani floeiend Hollânsk, “maar die ‘de’ en ‘het’ begrijp ik nog steeds niet”, skodhollet se. Thús by Wietze’s heit en mem yn De Pein wurdt Frysk praat. Wannear’t Dennis berne wurdt, is de kar dan ek rap makke. “Ik vind het mooi dat Wietze Fries met onze kinderen praat en ikzelf spreek altijd Portugees. Daarmee leren Dennis en Lara van jong af meteen verschillende talen. Daar hebben ze later alleen maar profijt van.”
Heit en mamãe
Ien fan de wichtichste foardielen is noch wol dat de bern no sûnder problemen mei de Braziliaanske famylje prate kinne yn de fakânsje. Dennis kin hast net wachtsje oant er syn oerbeppe ‘Vovo’ wer sjocht. “Zij praat geen Engels, alleen maar Portugees dus gelukkig kan ik haar nu goed verstaan”, knikt er. Ferskes sjonge, ferhaaltsjes foarlêze of efkes keuvelje oan de keukenstafel, ek Lara wit har yn it Portugeesk knap te rêden. Mar foardat se it sels goed en wol yn ’e gaten hat, komt der samar in Fryske sin út. Of in ferske yn it Hollânsk. “Ze gebruikt af en toe alles door elkaar heen”, fertelt Giuliani. “Maar ze weet precies welke taal bij welke plek hoort. Op de peuterspeelzaal Fries met de juf en Hollands met de klasgenootjes. En thuis Fries met heit en met mama Portugees.”
Gjin papa en mama of heit en mem, mar heit en mamãe. Dennis laket breedút as er Giuliani ‘mem’ neamt. “Dat kan écht niet. Mijn moeder is geen mem, maar een mamãe. Klasgenootjes vinden dat raar. Dat ik heit en mama zeg, maar zo past het gewoon precies.” Giuliani knikt. “Ik spreek geen Fries, dus hoe kan ik dan een mem zijn? Ik versta het Fries wel een beetje als ik weet waar het over gaat, maar ik heb al mijn energie gestoken in het leren van de Nederlandse taal. Toch vind ik het belangrijk dat Wietze ze het Fries leert. Want hier in Friesland is het fijn dat Dennis en Lara beide talen spreken en verstaan. Bij pake en beppe in Opeinde spreken ze bijvoorbeeld altijd Fries met elkaar. Prachtig vind ik dat.”
“Klasgenootjes vinden dat raar. Dat ik heit en mama zeg, maar zo past het gewoon precies.”
Uma laranja
Trampoline springe makket hongerich. Mei har dûnsjende krullebosk komt Lara oan tafel sitten. “Ik wol in koekje”, seit se resolút. In Portugeeske ûnderhanneling tusken mem en dochter folget, mei as útkomst ‘uma laranja’. Efkes letter sit Lara te smikkeljen oan har sinesappel. “En, is ‘ie lekker?” freget Dennis oan syn suske. In tefreden knikje mei de holle. “Ja, obrigado.”