Zoek op inhoud

Foarlêze oan baby’s is net fanselssprekkend. In soad âlders tinke datst baby’s net foarlêze kinst ‘want se begripe dochs net watst seist, se stopje it boekje leaver yn ’e mûle’. BoekStart wol âlders stimulearje om just wol oan harren babys foar te lêzen. De publikaasje ‘BoekStart maakt baby’s slimmer’ lit net allinnich sjen dat in betide start mei foarlêzen wurket, mar ek hokker bern at dêr it meast fan profitearje.

Alders dy’t meidogge mei BoekStart en harren poppe foarlêze foar de achtste moanne, hawwe bern dy’t heech skoare op taal. Al by bern fan fyftjin moanne âld binne der positive effekten te mjitten op de wurdskat, sa docht bliken út ûndersyk fan promovenda Heleen van den Berg en heechleraar ortopedagogyk Adriana Bus fan de Universiteit Leiden.

In soad âlders stelle it foarlêzen oan baby’s út en wachtsje sa’n twa, trije jier mei it earste foarlêsboek. Van den Berg en Bus seagen dat BoekStart dêr feroaring yn bringt. Troch BoekStart begjinne âlders earder mei foarlêzen en dat stimulearret de taalûntwikkeling fan bern.

Ek blykt út it ûndersyk dat BoekStart wichtich is foar alle nije âlders. Alders fan baby’s dy’t faak gûle en gau yrritearre binne, stelle it foarlêzen faak út, ek al ûnderkenne se it belang fan praten tsjin harren bern. Foaral dy groep temperamintfolle baby’s profitearret derfan as harren âlders meidogge mei BoekStart. De âlders fan dy bern hawwe nammentlik mear ynteresse foar BoekStart as oare âlders, om’t sy op syk binne nei tips en trúks om de daaglikse omgong mei harren bern te ferbetterjen.

BoekStart is basearre op in foarbyld út Ingelân. It programma wurdt troch gemeenten útfierd, yn gearwurking mei biblioteken en konsultaasjeburo’s. Alle âlders krije fan de gemeente of it konsultaasjeburo in útnoeging om in BoekStartkofferke by de biblioteek op te heljen as de poppe trije moanne âld is. Yn it kofferke sitte twa boekjes spesjaal foar baby’s. Alders kinne by de biblioteken geregeld nije boekjes liene út in kolleksje fan Nederlânske en Fryske babyboekjes. En alles is gratis!

Tips en trúks
Wy jouwe hjir in oantal tips en trúks foar it lêzen mei baby’s. Dyselde en noch mear tips fynst yn de folders yn it kofferke en by boekstart.nl. Dêr fynst ek de titels fan boekjes yn it Nederlânsk én yn it Frysk.

Tip 1
Gean lekker tegearre op in rêstich plakje sitten.
Doch radio, telefyzje en kompjûter/laptop út, dat liedt mar ôf. Soargje der ek foar datst sels noflik sitst. Hâld de baby sa, datst eachkontakt meitsje kinst.

Tip 2
Lit dyn stim hearre, watst seist is eins net sa belangryk.
Beneam wat der te sjen is, meitsje bypassende lûden of sjong in ferske!

Tip 3
Baby’s reagearje it earst op dúdlike swart-wyt patroanen.
Dy patroanen binne goed foar de fisuele ûntwikkeling. In baby kin dêr hiel oandachtich nei sjen!

Tip 4
Sykje boekjes út dy’t net te drok binne. Ien plaatsje op in side is genôch.
Bygelyks in bist of ding dat dyn baby út syn omjouwing ken, dúdlik ôfbylde, mei net tefolle details.

Tip 5
In boekje lêze jout in momint fan rêst.

Mear witte? Sjoch op www.lezen.nl en op www.boekstart.nl om de publikaasje te downloaden of te bestellen.

Carolien ter Schuur 
Ut: De Lytse Heit en Mem 2015 nr. 2

Boekentip:

hoi_stip