Zoek op inhoud

Yn it lêste nûmer fan heit&mem wie Hiltje (31) noch yn ferwachting.
Besjoch hjir it artikel wêryn se fertelt oer har swangerskip.

No is se befallen fan in prachtige soan mei de namme Sjoerd!

zwanger-klein

Wannear en wêr bist befallen?
Us soan Sjoerd is berne op 30 septimber om 1.50 oere.
Ik bin thús yn bad befallen en alles is goed gong.

Hoe gong de befalling?
Alles is sa gong sa as ik it graach woe.
Ik ha ús Sjoerd sels helle.
De ferloskundige moast allinnich de nâlestring om it nekje weihelje en doe koe ik Sjoerd sels pakke, dat makke it hiel bysûnder.

Hoe is it mei jim lytse poppe?
Mei Sjoerd giet it goed en it is in tefreden mantsje. It is folop genietsjen!

20161002_1033320Hoe fielst dy no?
Mei my giet it ek goed.
Ik moat my wol wat yn acht hâlde om noch net te hurd fan stapel te rinnen, want dan fernim ik it wol oan myn lichem.

De ferloskundige moast allinnich de nâlestring om it nekje weihelje en doe koe ik Sjoerd sels pakke dat makke it hiel bysûnder.

Hoe gong it mei de kreamhelp?
We ha ek in hiele fijne kreamwike hân.
We hienen deselde kreamhelp as by ús oare soan Jurre.
Erch fertroud en fijn.
We binne lekker yn de watten lein.

20161002_092825

Wêrom hawwe jim dizze namme útsocht?
We ha foar de namme Sjoerd keazen omdat we it in flotte stoere namme fine.

 

 

20161002_102321

Tip: Wist wol hoe wiis ik mei dy bin? -> In Frysk poppeboek om sels yn te foljen! 

myn-poppeboek