Zoek op inhoud

It binne noch mar famkes, mar se sjogge der faak al út as froulju. Famkes út groep 7 en 8 fan de basisskoalle dogge sa stadichoan tinken oan de jonge froulju út de earste en twadde klasse fan it middelber ûnderwiis. En it liket net allinnich mar sa, feit is dat famkes op hieltyd jongere leeftiid yn de puberteit komme. Hoe komt dat – en belangriker noch – hoe geane jo dêr as âlden mei om?

Anna (24) wie krekt 10 doe’t se foar it earst ûngesteld waard. ‘Ik kaam dy moarns krekt fan ’t bêd doe’t ik wat nuvers yn myn ûnderbroek seach. Ik wist net wat it wie en ha it oan ús mem sjen litten. Doe’t sy sei dat ik ûngesteld wurden wie, wist ik it wol. Ik hie fan tefoaren ek gjin pine yn ’e bûk hân, dus ik skrok der wol fan. Ik ha it fierder oan gjinien op skoalle ferteld.’ Mem Wietske bleau der destiids kalm ûnder. Dat har dochter fierder wie as oare famkes út ’e klasse, hie Wietske al wol yn ’e gaten. ‘Anna wie in jier as 8, doe krige se al boarsten. Doe’t ik ris by de húsdokter wie ha ’k wol frege oft soks normaal wie. ‘Neat te rêden’, wie syn antwurd. Mar skrikken wie it wol. Sels wie ’k in jier as 15, dus dan ferwachtsje jo dat net.’

De leeftiid wêrop’t famkes mar ek jonges yn de puberteit komme, giet al jierren efterinoar nei ûnderen.

Motor fan de puberteit

Mintsje Tanis-Nauta, arts-seksuologe NVVS by it MCL yn Ljouwert, kin har fine yn de reaksje fan Anna har mem. ‘Yn myn tiid wiene froulju in jier as 13 wannear’t hja foar it earst ûngesteld waarden. As wy nei de sifers sjogge blykt dúdlik dat de leeftiid wêrop’t famkes mar ek jonges yn de puberteit komme, al jierren efterinoar nei ûnderen giet. Mar wêr’t dat troch komt, kinne we net sizze.’

It hat allegear te meitsjen mei de hypotalamus, de motor yn de harsens dy’t stimulearjende hormoanen frijkomme lit. ‘De releasing factor neame wy dy hormoanen. Sy soargje der foar dat by famkes de boarsten begjinne te groeien en by jonges de ynhâld fan de testikels tanimt. Op dit momint is de gemiddelde leeftiid foar famkes 10 jier en 8 moanne as dat begjint. By jonges is it krekt wat letter, mei 11 jier en 6 moanne. Wy witte net wêrom at dy motor hieltyd earder start.’

It is de natoer en dêryn moatte jo as dokter net yngripe.

Skealike gefolgen

asfamkesSkealike gefolgen sjocht Mintsje sa net ien, twa, trije. ‘It is de natoer en dêryn moatte jo as dokter net yngripe. By de measte famkes slagget it aardich om de groeispurt-trêd lykop rinne te litten mei de earste kear dat hja ûngesteld wurde. Dan slute de groeiskiven yn earms en skonken. Mar pas twa jier nei’t in famke boarstgroei krijt, wurdt hja foar it earst ûngesteld. Dan is se dus in jier as 12 en meastentiids al aardich oan de lingte. Allinne as in famke al foar har achtste boarstgroei hat, oerwege wy om yn te gripen. Pubertas praecox neame we dat. Dan binne se eins te betiid en besykje wy mei anty-hormoanen de hypotalamus foar de gek te hâlden.’

Folle wichtiger binne de psycho-sosjale gefolgen foar jonge froulju, fynt Mintsje. ‘Net allinne lichaamlik mar ek geastlik feroaret der fan alles by in famke. De hormoanen soargje dat se oare ynteresses krijt, ek op it gebiet fan seksualiteit. Dat is tsjinwurdich earder as 25 jier lyn, mar net tè betiid. Dy leeftiid ferskoot en dêr is neat ferkeard oan. Jo kinne it as âlden ek net tsjinhâlde. Myn rie oan âlden is dan ek om te checken wat harren dochter al wit fan dit ûnderwerp. Mar foaral: wês der iepen oer.’

Iepen oer seks

Tienerswangerskip, soa’s, ferkearde freontsjes. Der is genôch dêr’t heit en mem in famke fan 12 foar warskôgje kinne. Dat is dan ek wat Mintsje faak sjocht yn de praktyk. Heiten en memmen dy’t allinne op de gefaren wize. ‘Dêrtroch wurdt seksualiteit wat negatyfs, wat gefaarliks. Mar dat hoecht hielendal net sa te wezen. Seksualiteit kin just ek hiel moai wêze, spannend ek. Praat der iepen mei it famke oer en jou in posityf boadskip. Fertel ek dat it hiel moai wêze kin. Dat ferjitte heiten en memmen noch wolris.’

Dat dat net foar eltsenien like maklik is, mei dúdlik wêze. Gelokkich wurdt der hjoed-de-dei al op de basisskoalle oandacht jûn oan seksuele foarljochting. Dêrneist is der Sense Noord Nederland, in organisaasje dy’t oansluten is by de GGD. Dêr kinne bern, mar ek âlden, terjochte mei al har fragen oer seksualiteit. ‘Fragen dy’t se net oan de húsdokter doarre te stellen’, leit Mintsje út. ‘Mar fersin jim net, bern leare ek in hiel soad út tydskriften, boeken of fan ’e tillevyzje. Media spylje in hiel wichtige rol.’

 

Hiel bysûnder

It is efkes wennen foar âlden, it momint dat harren famke frou wurdt. Mar troch der earlik oer te praten, kin it ek hiel bysûnder wêze. Anna glimket. ‘Ik ha der fierder hielendal gjin lêst fan hân dat ik sa jong wie. Doe’t famkes yn de brêgeklasse it der smoardrok mei hienen, hie ik it moai allegear al hân.’

Boekentip: Het puberende brein

 

Foar fragen of in ôfspraak kinne jo skilje mei Sense Noord Nederland.
0900 736 736 6 (lokaal taryf)

Troch Nynke van der Zee
Ut Heit en Mem nr. 4 – 2010