Zoek op inhoud

Namme: Amarens Matthiesen (29)
Wennet yn Kanada

 

Wêr komst wei en wat is dyn memmetaal?
Ik bin yn Kanada berne, grutbrocht yn België en ha yn Skotlân en Kanada studearre. No wenje ik yn Kanada en doch ik promoasjeûndersyk op psychososjaal flak, oer hoe’t bern it ûnderfine om keuzes te meitsjen yn har eigen soarch yn bernesikehuzen.

It Frysk is ien fan myn memmetalen – hoewol’t ik noch noait écht yn Fryslân wenne haw. Us mem is Frysk (oarspronklik út Minnertsgea) en ús heit is Kanadeesk.

Hokker taal prate jim thús?
Fan ‘e berte fan myn suster en my ôf prate ús mem Frysk mei ús, en ús heit Ingelsk. Thús wurdt noch altyd Frysk praten tusken ús mem, myn suster en my, en prate wy Ingelsk mei ús heit. Soms prate myn âlders mei elkoar ek in mingeling fan Nederlânsk, Ingelsk en Frysk.

Hoe hast it ûnderfûn om meartalich grutbrocht te wurden?
Yn myn ûnderfining ha ik allinnich mar foardielen hân fan in meartalige opfieding. Sa fûn ik it makliker om freonskippen te ûntwikkeljen mei minsken út oare kultueren en lannen, en ek om oare talen te learen. Dy en oare foardielen, sa as bettere kommunikaasjefeardigens en kreativiteit, komme ek nei foarren yn in protte ûndersiken.

Hoe belangryk is de Fryske taal foar dy?
Hoewol’t ik allinnich Frysk praat mei ús mem en myn suster, symbolisearret de Fryske taal in wichtich diel fan myn kulturele identiteit. As sels-útroppen Friezinne (en Kanadese) wie ik altyd benijd nei hoe’t it wêze soe om foar in langer skoft yn Fryslân te wenjen. Dêrom haw ik tusken oktober 2019 en febrewaris 2020 yn ’e haadstêd fan Fryslân wenne. Ik haw yntins genoaten fan de Fryske taal, de kultuer, de minsken en it lânskip. Ik hie it gefoel dat ik ‘deryn paste’ – ek al moast ik wenne oan it feit dat ik ynienen ek mei oare minsken Frysk prate koe. Lykwols haw ik opmurken dat it Frysk minder en minder sprutsen wurdt yn Ljouwert. Ik freegje my ôf oft it in rol spilet dat hjoeddeistige âlders mear twifels fiele oer it ‘nut’ om mei bern Frysk te praten. Ek lies ik faak dat minsken miene dat der mar in beheinde romte is foar it learen fan mear as ien taal, en dat ien taal altyd te’n koste giet fan it learen fan in oare taal.

Ik bin sels tankber dat ús mem de moaie Fryske taal oan ús trochjaan koe. De Fryske taal fielt as ús eigen, wêr’t wy yn ’e wrâld ek binne. Ik bin grutsk om in foarbyld te wêzen fan it feit dat men net per se yn Fryslân hoecht te wenjen om bern de Fryske taal mei te jaan.

Ut: heit & mem nr. 2 2020