Zoek op inhoud

Dieuwke van der Meer-Posthumus is 36 jier en 25 wike yn ferwachting. Healwei febrewaris ferwachtsje sy en har man Raymond van der Meer harren twadde berntsje.

‘Wy hawwe al in prachtige dochter, Maaike, sy is no 5,5 jier. Dat wy no wer in poppe ferwachtsje is in grut geskink, wy binne sa tankber. De swangerskip giet hiel goed, ik fiel my prima en mei it berntsje giet it ek goed!

Ik sit wol wat minder op in rôze wolk as mei myn earste swangerskip. Ik bin wat minder nayf. Ik wit no hoe’t in befalling gean kin. Dêrneist pas ik no folle better op mysels. Ik fitness noch altyd twa kear yn de wike en ik bin fan doel om dat salang as mooglik fol te hâlden. Ek nei de befalling wol ik it graach gau wer oppakke.

Nei myn earste befalling siet ik net goed yn myn fel. Om wer grip te krijen op de situaasje woe ik rêst om my hinne ha. Ik bin doe yn oanrekking kaam mei it minimalisme, dat hat myn eagen iepene: wy hawwe sa’n soad guod dat wy hielendal net nedich hawwe! Ik wie sa entûsjast dat ik myn eigen website opstarten ha. Ik help oare gesinnen om guod yn ’e hús te minimalisearjen. En no mei dizze swangerskip set ik dy trend troch: allinnich wat de poppe echt nedich hat komt it hûs yn.

Mei Maaike wisten wy fan tefoaren net wat it wurde soe. Al hie ik doe wol hiel sterk it gefoel dat it in famke wurde soe, en dat foargefoel kaam út! Dizze kear witte wy wol wat it wurdt. Wy ha dêr wol echt even in momintsje fan makke. Mei de pakes en beppes hiene wy in cupcakefeestje; de folling liet sjen oft it in jonkje of in famke wie. Myn gefoel kloppe dizze kear wer: wy krije in jonkje!’

 

Lês hjir hoe’t Dieuwke har befalling gongen is en hoe’t it no mei har giet.