Zoek op inhoud

‘De heit fan Teije is dea’, seit it dochterke fan in freondin fan my. Sy is fiif jier en siket in ferklearring foar it ûntbrekken fan in man yn ús libben.

Der komt aansen in momint wêrop’t ek Teije fragen hat. Of dat oare bern fragen oan Teije stelle. Of miskien al in ferhaal betocht ha en dat oan Teije fertelle as de wierheid. Sels as bern wie ik net oars.

Ek al is dat momint no noch net, ik tink der al oer nei. Hoe fertel ik him aansen wat in donorheit is. Hoe lis ik it oare berntsjes út dy’t no al freegje wêr’t syn heit is.

Yn de tiid dat ik swanger wie, ha ik in boek foar Teije makke. Dêryn beskriuw ik ús ferhaal. Ik fertel oer de biologyske heit en oer ús freonskip. Der binne foto’s fan ús, fan him en fan my. Artikels dy’t ik lêzen ha foardat ik de keus makke, myn twivels mar foaral ek myn sekerheden om dit sa te dwaan.

Somtiden pak ik it boek derby. Dan besjogge we tegearre de foto’s en lês ik lytse stikjes foar. Ik fertel Teije oer him, de donorheit. Om de safolle tiid fideobelje we meielkoar. Teije neamt him dan by de namme en hy herkent him fan it boek.

Ik ha fertrouwen yn de takomst. Ik bin oprjocht grutsk op hoe’t wy it dogge. Mar sa no en dan oerfalt my de gedachte dat ik net hoopje dat Teije it my letter kwea ôf nimt. Dat hy miskien in ‘echte’ heit mist. Dat ik allinne net genôch wêze sil.

Wy sitte op de bank. De freondin en ik. Teije en har dochterke boartsje mei de duplo. De heit komt by de trep del en rint de wenkeamer yn. It famke draaft nei him ta en ropt ‘myn heit, myn heit’. Hy tilt har fan ’e grûn en lit har sweve troch de loft. Sa at in heit dat dwaan kin. Foar it earst fiel ik it yn myn búk. Ik sjoch nei Teije en bin yn ôfwachting fan syn reaksje. Ik rekkenje op ferwarring, dat hy foar it earst beseffe sil dat der no net in heit foar him is. Mar yn plak dêrfan draaft Teije nei my ta. Hy wiist nei my en ropt lûd ‘myn mem, myn mem’.

Hy slacht de hannen om myn nekke. En ik fiel: ik bin mear as genôch.

Ut: heit&mem nr. 2 2021


Sjoukje de Boer (1987) is dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije. (2019) Se skriuwt al in oantal jier kollums foar de heit&mem. Hjir kinst se allegear lêze.