Zoek op inhoud

Kinne de bern har einliks rêde, sitte je wer yn ’e ruften. In neikommerke: lêst of lêste kâns?

‘De berte fan Klaas Jesse yn ’e simmer fan 2021 hat net folle ynfloed hân op de gong fan saken yn ús gesin. Alles gie gewoan troch. Soms wie ik der nachts ôf om him it boarst te jaan en kamen de famkes krekt werom fan ’t stappen. Dan sieten se der efkes gesellich by.

Der wurdt in protte mei him omsjoud. De iene docht him yn bad, de oare leart him boartsjen mei de bal.

Fansels moast it idee earst wat wenne, mar doe’t Klaas Jesse ienris berne wie, fûn elkenien it geweldich. Grutte bern hawwe lykwols op in oare manier omtinken nedich as poppen. De fammen wolle wolris wat mei har mem dwaan. Soms nimme wy Jesse dan mei. De oare deis wie er it dêr net mei iens. Gûle. Doe sei ien fan ’e dochters: “Wat moatte wy mei dy poppe?!” Mar dat jout neat. Net alles hoecht altiten leuk te wêzen.

Omdat Klaas Jesse in neikommerke is, hoecht hy mar te piipjen of der komt ien oandraven. Hy moat ek leare himsels te fermeitsjen. Dêr tink ik al om. Hy sil meikoarten ek nei de opfang. It is goed foar him om ek mei leeftiidsgenoaten om te gean.

Ik belibje syn bernetiid o sa bewust. Ik wit dat it de lêste kear is en ik bin wat makliker wurden. As de earste ferkâlden wie, makke ik my dêr soargen oer. No tink ik, skriem mar even jonkje, it giet wer foarby. En as wy allegear byinoar binne, en der eins stofsûge wurde moat, jou ik foarrang oan ’e wille. Ik bin mei dizze lêste mear ûntspannen. It hoecht net mear sa perfekt. Yn dizze maatskippij moatte wy safolle: wurkje, nei de sportskoalle, sosjale kontakten ûnderhâlde, in kreaze partner wêze, ensfh. Dat lit ik no mear los.

Wy krigen allinnich mar moaie reaksjes fan ’e omjouwing. Ik hie al trije bern doe’t ik mei Pieter Lieuwe troude. Wy woenen ek graach tegearre noch in bern krije, mar hienen dêr mei gjinien oer praat. Dus Klaas Jesse wie in grutte ferrassing.’

 

Skriuwer: Janna van der Meer
Út: Heit&Mem nr. 1 2022