Zoek op inhoud

Wy mochten mar leafst twa kear pake en beppe wurde yn de coronatiid en dat wie best wol in hiel bysûnder barren; want beide kearen wie it ek noch ûnder de lockdown! Op 31 maart 2020 is Imma berne, it twadde famke fan ús âldste dochter Treeske. Dat wie doe wol spannend, want se wie al fier oer tiid en de coronaregels waarden ek hieltyd mear oanskerpe.

Alles wie sa ûnwis, se soe yn it sikehûs befalle, mar troch ekstra kâns op besmetting waard har dat úteinlik dochs ôfret en moast se har tariede op in thúsbefalling. De knop moast by har doe wol efkes om, hear. Ik ha sels noch op souder west en har in tas fol wite lekkens meijûn om it kreambêd thús mei op te meitsjen! Wy fûnen it as pake en beppe ek wol hiel spannend, omdat de poppe sa lang op har wachtsje liet. Yn dy tiid hiene wy sels ek sa min mooglik sosjale kontakten, sadat sy mei har man en dochterke noch wol by ús komme koene om de lange dagen wat te trochbrekken. Gelokkich hat myn man syn bedriuw as boukundich tekener oan hûs en koe ik as juf myn wurk ek fanút hûs dwaan. Ik kaam sels dus de doar hast net út en de boadskippen lieten wy yndertiid ek thús besoargje. Sels de lêste dinkjes foar it kreamkado ha wy noch online besteld.

 

Wy koene dus allinnich mar op ‘rútbesite

 

Doe’t de befalling begûn, ha wy op harren âldste famke Jilda past en ha wy tegearre mar ‘coronaproof’ kreamtaartsjes bakt om de tiid om te krijen! Wat wiene wy tankber en bliid doe’t se einliks mei ús fideobelle, strieljend en mei in sûne poppe yn har earms! Wy ha Jilda gau nei hûs ta brocht en troch it rút sjoen hoe’t sy foar it earst har suske moete! Har man hat dat filme, en it letter ek noch mei ús dield yn de famylje-app. Wy koene dus allinnich mar op ‘rútbesite’ en dat is dochs wol hiel oars as datst efkes nei binnen meist. Der sit no in grou stik dûbeld glês tusken en kinst dyn eigen bern ek net iens efkes oankrûpe om har te lokwinskjen mei dat nije grutte wûnder! De kreamfersoarchster (dy’t trouwens by alle fjouwer befallingen west hat, ek al sa bysûnder) koe der doe ek wol om gûle. 

 

It hat trouwens hast wol twa moanne duorre foardat wy it oandoarden om de lytse Imma fêst te hâlden. 

 

Myn oare dochters namen letter de mobyl mei om better meielkoar prate te kinnen. Oars moatst sa lûd roppe foar it rút. Ek hat de freondinne fan ien fan myn dochters in hiele moaie fotoreportaazje makke fan de ‘rútbesite’ en dat is dochs ek wol hiel bysûnder om werom te sjen! It hat trouwens hast wol twa moanne duorre foardat wy it oandoarden om de lytse Imma fêst te hâlden. 

Us oare dochter, Anne Wytske, wie ek yn de coronatiid yn ferwachting en sy is op 14 jannewaris 2021 ûnder de twadde lockdown befallen fan harren twadde famke, Janne Fimke. Diskear fûn ik it de hiele swangerskip troch wol spannend, omdat hjir yn Fryslân ek folle mear coronabesmettingen wiene. It liket my slim ta asto swier bist en corona krigest, wat docht dat mei dy of mei de lytse poppe? 

 

Pakes en beppes sjogge tink ik ek mear apen en bearen

 

Yn de wike foar de befalling moast har man sels ek noch test wurde op corona. Sa spannend, en dat set dy as mem en beppe dochs wol wer efkes oan it tinken. Moatst der dochs net oan tinke dat dyn famke allinnich befalle moat, of datst der letter hielendal net iens hinne meist omdat se corona hawwe. Dêrtroch waarden wy sels ek wer folle foarsichtiger, en bist dan úteinlik wer bliid dat de befalling begjint. Sy hie sels keazen foar in thúsbefalling, omdat har âldste famke, Yfke Marith, nei in hiele flotte befalling op ’e wrâld kaam is. Mar wy fûnen it dochs wol wat spannend, omdat sy wol yn in bûtengebiet wenje en dus net sa gau yn it sikehûs binne. Pakes en beppes sjogge tink ik ek mear apen en bearen. Ik ha ûnder it ‘lange’ wachtsjen mar wer oan it taartsjes bakken west! Wat wiene wy wer tankber en bliid dat se ús mei goed nijs opbelle, mei in gûlende mar sûne poppe yn ’e earms! It hie efterôf dochs wol efkes hiel spannend west, want de hertslach fan de poppe sakke hiel bot ûnder de befalling. De ambulânse hat der út foarsoarch dochs efkes sjoen, mar gelokkich koe se thúsbliuwe!

Wy ha der tegearre yn ’e nacht noch hinne west en mochten ditkear gelokkich wol efkes nei binnen. Mar it bliuwt frjemd datsto dyn eigen bern by safolle lok net iens efkes oankrûpe kinst. Ek wie it hiel oars as de earste kear, want doe ha wy midden yn ’e nacht mei ús hiele húshâlding der noch hinne west. Myn oare dochter, har twillingsuster, is doe sels yn ’e pyama út Ljouwert kaam en hat dy nacht noch by ús slept.

 

No wiene wy ditkear fanwegen corona mar tegearre op ’en paad en koene de oaren letter pas, om beurten en ferdield oer ferskillende dagen, komme. 

Mar ien gelok: diskear siet der gjin dûbeld stik glês tusken en mochten pake en beppe nei in pear dagen de poppe sels al yn ’e earms hâlde! In beppesizzer krije bliuwt alle kearen, ek sûnder corona, dochs wer in hiel grut wûnder!!

 

Joukje J. Hamersma-Visser