Zoek op inhoud

No falt myn jûn,
’t Wurdt tsjuster om my hinne.
Straks fal ik
en lit jimme allinne.
Ferjouwing foar fouten
en foar wat der misgien is,
mar kom yn myn nacht
ticht om my hinne stean.
De triennen yn myn eagen
dogge no net mear sa sear,
as jimme my treaste
foar de lêste kear.