Carryoga is in spesjale foarm fan yoga en noch frij nij yn Fryslân. Dizze foarm rjochtet him op ûntspannende oefeningen foar mem/heit mei de lytse yn in draachdoek. Sa kinst ferskillende oefeningen dwaan, mei it berntsje tsjin dyn búk of rêch oan. In soad babys falle as in blok yn sliep ûnder de les. Trochdat âlder en bern elkoars hertslach fiele, komme se beide ta rêst. Kinst sân wiken nei de befalling mei Carryoga begjinne. Yn de measte lessen wurdt ekstra omtinken jûn oan de búk- en bekkenboaiemspieren. Marieke de Vries is yn Fryslân aktief mei carryoga.