Zoek op inhoud

Hidde (3) hat krekt in broerke krigen, Nisse. Spitich genôch mei Hidde it lytse broerke eefkes in pear dagen net fêsthâlde fan mem, omdat Hidde de wetterpokken hat en dat is gefaarlik foar lytse poppen. Mar dêr wit Hidde wol wat op. Hy giet eefkes de keamer út en komt werom mei allegear pleisters op ’e pokken plakt. Optein ropt er: ‘Sa mem! No kin it wol!’