Zoek op inhoud


Wêr sit Joazefine?
 
Dit prachtige moaie printeboek fertelt it ferhaal fan Joazefine de ko. Joazefine docht in spultsje tegearre mei de oare bisten fan de buorkerij. Gjin ien dy’t Joazefine fine kin. Se hat it beste weikrûpplakje útsocht. Joazefine doart net mear nei ûnder ta. Har freonen komme nei boppe om har te helpen, mar dan sit elkenien fêst. Hoe matte se no wer ûnder komme? Der is noch mar ien oplossing: de postboade. Soe hy alle bisten en de boerinne wer nei ûnderen krije? Dit boek sit fol mei prachtige tekeningen en der falt safolle te sjen. It is humoristysk skreaun. In goed boek om foar te lêzen! 

joazefine-klein € 13,95
Hjir te bestellen 

 

Joazefine is siik 
Joazefine de postko is siik. It is hjerst en it waar is wiet, grau en tsjuster. Se is ferklomme. Se wurdt goed fersoarge troch de boerinne mei dat mei net bate. Se matte nei de dokter. De dokter komt nei de pleats en seit dat Joazefine ferkâlden is. Nei in pear dagen rêstich oan dwaan en in drankje knapt se wer op. Mar as Joazefine har better fielt is it waar wer min. Sil se krekt dwaan oft se siik is? Sa gek is dat noch net. Hoe’t it ôfrint mei Joazefine? Dan matst dit moaie printeboek sels helje! Hjir kinst it ynsjocheksimplaar besjen. Der sit in soad humor yn dit boek. In aardich boek om wei te jaan as kadootsje!

joazefine-klein-2 € 13,95
Hjir te bestellen 

 

1001004011338343

De boeken fan Joazefine komme oarspronklik út it Dúts en binne skreaun troch Alexander Steffensmeier. De boeken binne ek noch nei it Ingelsk oerset. Klik hjir om mear te sjen.