Zoek op inhoud

Ik ❤︎ omke / tante

Omke Chiel & Ymre-Brecht, Anne-Berber en Rose-Marth

Omke Michiel (34) út Ljouwert is hiel wiis mei syn trije nichtsjes fan seis, fiif en twa jier âld. It binne de bern fan syn broer Pieter en skoansus Sjoukje en hy siket se gauris even op yn Snits.

Michiel: ‘Ik ha in skoft yn Dubai wenne. Ik wurke dêr foar de loftfeartmaatskippij Emirates en it wie in tiid fan hurd wurkjen. As ik dan in pear dagen yn Nederlân wie, gong ik fluch even by de famylje del. De berte fan Ymre-Brecht ha ik noch wol meimakke, mar it meast seach ik de famkes fia Skype fansels. 

Doe’t ik yn ’e simmer fan 2018 definityf nei Fryslân weromkaam, woe ik beslist de ferlerne tiid mei myn nichtsjes ynhelje. Dat no kom ik gauris even del yn Snits. Ik ha de namme fan de omke dy’t altyd yn is foar in grapke, en dat hâld ik der graach yn. Fan ’t winter kaam ik in kear op redens, soms pak ik de mountainbike of de racefyts, mar meastal gean ik mei de camper. Dan ha ik de reuze-rôze-ienhoarn ek mei. Dat ding is echt in feestje foar de fammen. 

By oankomst hawwe wy sa ús rituelen. ‘Earst kofje’, sizze we dan, en dan komt der kofje mei gebak op tafel. Anne-Berber snoept altyd earst de krêmlaach fan myn kofje ôf. ‘Dêrom ha ik read hier’, seit se. Anne-Berber, har mem Sjoukje en har suske Rose-Marth ha alle trije prachtich read hier. Man, as dy mei syn trijen njonkeninoar rinne, dan rint der wat! 

Nei de kofje komme wy yn aksje: nei de boarterstún, in iisko helje of foarlêze, en we ha ek al ris nei de boerecamping yn Lollum west. It fielt sa fertroud en eigen, dêr soe ’k myn libben foar jaan. No’t de fammen âlder wurde, wurdt it hieltyd leuker. Se prate mear en se hawwe harren eigen logika, dêr’t ik my soms oer fernuverje mar ek bot fan genietsje kin. 

Doe’t ik in freondinne krige, gong sy fansels ek mei nei de famylje. Foar ús wie ’t noch wat pril, mar foar Ymre-Brecht, Anne-Berber en Rose-Marth wie it fuort dúdlik: dit is ús tante Tsjitske. Tsjitske en ik seagen inoar oan, sa fan ‘dat giet wol hiel rap’, mar it fielt foar ús allegear goed, as ien grutte famylje!’ 

Skriuwer Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Us húshâlding

Alles voor die ene Olympische droom

Het gezin Veltman uit Leeuwarden, bestaande uit Davy (40), Rachel (37), Indy (11), Kai (8) en Raff (4), lijkt op het eerste gezicht heel gewoon. Hij werkt bij de politie, zij is juf en de kinderen gaan met plezier naar de IKC Teresaschool bij hun in de buurt. Er is één verschil met doorsneegezinnen. Indy is topsporter in hart en nieren. Hoe ga je daar als gezin mee om?

De Fryske famyljefloggers

Tjits van der Wal wennet mei har man Jelke en beide bern Sake (hast 6) en Yldau (9 moanne) yn Broeksterwâld. Sy is mem en flogger. Har ‘Tjits flochs’ begjinne steefêst mei de sin ‘in nije dei, in nije floch’ en soms in stevich akkoard op de gitaar derop ta.

Us húshâlding: DCD en ASS

Anna-Neeltje wennet mei har twa bern yn Wolvegea. Se binne net in trochsneed húshâlding en dochs ek wer wol. Anna-Neeltje is ambulant begelieder by Scauting. Jurre is klear foar it transysjeproses en libbet mei ASS. Dochter Marije is sljocht op freerunning, folget de havo, en hat neist DCD ek mei ASS te krijen. Wat soks krekt ynhâldt en watfoar ynfloed dat op harren hat, lizze se graach eefkes út.

Ik vertrek! (Mar dan wol tichtby)

It is in see fan romte wêr’t de famkes fan Hendrik en Maryline Posthumus opgroeie. Yn it griene gers fan Bantegea leit Camping De Bolderik. Yn 2022 naam it pear de camping oer en joech it dy moaie blommenamme. Lykas har bern dy’t se ek nei blommen ferneamd hawwe. Madelief is no fiif jier en Jasmijn twa. Madelief huppelt al hearlik selsstannich oer de camping om as it moai waar is. Wat in bysûnder plak om grut te wurden! 

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2021 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine