
Ik ❤︎ omke / tante
Tante Truus en Tiny
Tante Truus hat in spesjale bân mei nichtsje Tiny (10), de dochter fan har broer en skoansuske dy’t no op de âlderlike pleats wenje. Truus en har freon wenje yn Nes mei har twa hast-folwoeksen soannen.
Truus: ‘Doe’t myn skoansuske har tredde berntsje Tiny krige, koe se wol wat help brûke. Om’t ús jonges al wat grutter wiene, stuts ik dêr nei myn wurk faak earst even oan foar in lytse hantaast. Dat koe bêst. Tiny komt hjir fan it begjin ôf oan in soad oer de flier en it is in fleurige spraakwetterfal, optimistysk en hiel noflik. Tsjintwurdich komt se meast foar of nei skoaltiid. Earder paste ik hiele dagen op har. Dat is altyd ien grut feest! Ik bin aktiviteitebegeliedster yn Burgum en guon nifeldinkjes dy’t ik mei de bewenners doch, kinne Tiny en ik ek tegearre dwaan. Se hat hjir har eigen kast fol mei materialen. We nifelje, tekenje, fervje en kleurje en we meitsje freonskipsbantsjes as dat hip is. No is se dwaande mei TikTok-filmkes, dus meitsje wy tegearre TikToks fan hantsjeklapferskes en sa. Tiny lit my sjen hoe’t de kamera fan de mobyl stean moat foar de meast perfekte opname. Doe’t Tiny gatsjes yn ’e earen ha woe, stie se derop dat ik mei moast. It sjitten fan de gatsjes die wol wat sear, mar doe’t ik har treaste mocht, fûn ik dat wol bysûnder.
Tiny fielt hiel eigen. Soms seit se: ‘Dat seit ús heit ek altyd.’ Dat fyn ik dan wer grappich. Sy krijt deselde opfieding as ik myn jonges jûn ha. It fielt as in sterke famyljebân dy’t yn de folgjende generaasjes trochgiet. It gefoel is miskien noch wol yntinser omdat wy al jong ús mem ferlearen.
Wy ha inoar doe fêstholden as bruorren en sus. Dan is it moai om te sjen dat soks trochgiet. It binne somtiden lytse dinkjes dy’t de bân fersterkje. Sa fiele we ús ek ferbûn troch it widske dêr’t alle generaasjes yn lein hawwe. Mar fral ek troch in soad wille te hawwen mei syn allen.
Nei skoaltiid nimt Tiny gauris har freondintsjes mei te boartsjen, krekt as thús. Se is o sa grutsk op har grutte neven en stelt dy dan graach even oan de oare fammen foar. De jonges spylje har rol mei. Se groeie mei-inoar op en sy fiele de famyljebân ek.’
Skriuwer: Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Us húshâlding
Alles voor die ene Olympische droom
Het gezin Veltman uit Leeuwarden, bestaande uit Davy (40), Rachel (37), Indy (11), Kai (8) en Raff (4), lijkt op het eerste gezicht heel gewoon. Hij werkt bij de politie, zij is juf en de kinderen gaan met plezier naar de IKC Teresaschool bij hun in de buurt. Er is één verschil met doorsneegezinnen. Indy is topsporter in hart en nieren. Hoe ga je daar als gezin mee om?

De Fryske famyljefloggers
Tjits van der Wal wennet mei har man Jelke en beide bern Sake (hast 6) en Yldau (9 moanne) yn Broeksterwâld. Sy is mem en flogger. Har ‘Tjits flochs’ begjinne steefêst mei de sin ‘in nije dei, in nije floch’ en soms in stevich akkoard op de gitaar derop ta.

Us húshâlding: DCD en ASS
Anna-Neeltje wennet mei har twa bern yn Wolvegea. Se binne net in trochsneed húshâlding en dochs ek wer wol. Anna-Neeltje is ambulant begelieder by Scauting. Jurre is klear foar it transysjeproses en libbet mei ASS. Dochter Marije is sljocht op freerunning, folget de havo, en hat neist DCD ek mei ASS te krijen. Wat soks krekt ynhâldt en watfoar ynfloed dat op harren hat, lizze se graach eefkes út.

Ik vertrek! (Mar dan wol tichtby)
It is in see fan romte wêr’t de famkes fan Hendrik en Maryline Posthumus opgroeie. Yn it griene gers fan Bantegea leit Camping De Bolderik. Yn 2022 naam it pear de camping oer en joech it dy moaie blommenamme. Lykas har bern dy’t se ek nei blommen ferneamd hawwe. Madelief is no fiif jier en Jasmijn twa. Madelief huppelt al hearlik selsstannich oer de camping om as it moai waar is. Wat in bysûnder plak om grut te wurden!