Zoek op inhoud

Filter op:

Us fiifde berntsje, lyts en sûn.
In grut wûnder troch God oan ús jûn.
Kostber libben troch Him boud,
oan ús soargen tabetroud.
Hâld him/har yn Jo hân o Hear,
lit him/har libje ta Jo ear.

Syn hannen ha dy makke
en Hy seach hoesto groeidest
Fol spanning ha wy op dy wachte
in ûnbegryplik wûnder…

It is in wûnder,
seit it hert.
It is in grutte ferantwurding,
seit it ferstân.
It binne in protte soargen,
seit de eangst.
It is in geskink fan God,
seit it leauwen.
It is ús grutste lok,
seit de leafde.
It binne ús leave bern,
sizze wy.

Bern, libje!
Mar sjoch
troch alles hinne
syn teken fan trou:
Hy lit dy nea allinne.

Ferwûndere troch dit nije libben
lykas in blom, sa fyn en tear
kinne wy alinnich noch mar sizze
oan Jo is al ús tank, o Hear.

Dyn heldere eachjes
sjogge ús oan,
do bist sa moai,
sa leaf en ûnbedoarn.
De Skepper
tankje wy oprjocht
dat er ús op ’e nij
sa ryk betocht.

Leaf lyts berntsje
kostberder as goud,
sa wolkom yn ús midden
troch de Hear oan ús tabetroud

Minskebern, sa lyts, sa tear,
’k lis in tekken om dy hinne,
like waarm as in sinne.
As dyn Hoeder silst My kenne
’k hâld dy fêst, kear op kear.

Eltse berte bliuwt in wûnder
elk bern wer bysûnder.
De Skepper fan it libbensljocht
hat ús opnij ryk betocht.

Berne om in minske te wêzen
hjir op dizze ierde
berne om Gods
winsk te wêzen
en wy meie dy liede.

Nij libben yn ús earms,
sa tear en o sa unyk.
Troch Him oan ús tabetroud
wat fiele wy ús ryk.
It libben is moai,
mar ek kwetsber fanôf it begjin.
Wy sille der foar dy wêze,
wolkom yn ús gesin.

As in pearel yn Gods hân,
rykt hy ús dit berntsje oan.
Kostber libben troch Him boud,
oan ús soargen tabetroud.