Welkom op de pagina met Friese gedichten. Je kunt hier op de pagina de gedichten filteren op Friese geboortegedichten, Friese poeziealbumgedichten, Friese huwelijksgedichten en Friese rougedichten.
Wil je ook een gedicht insturen? Dag mag via ons contactformulier.
Filter op:
In aardich lyts famke, ûndogens en stout. Mar dochs hat (…) in hertsje fan goud.
Wol fij, in tearke in ezelsearke En ek noch fêst, dat is net bêst! Do tinkste wis dat it moade is. Mar nee, bêste faam it is kaam datsto letter noch wat better tusken de bledsjes, fluch en netsjes, myn ferske it earste iepentearste. [mei in omteard en mei in printsje fêstplakt hoekje]
Troch E.S. de Jong (Ut: “Foar fleurige famkes” Wolvegea 1964)
Skiep en baarch en boarre en bok: ‘k Winskje dy in protte gelok.
Sûkerpotsje, kop en pantsje: ‘k Winskje dy in aardich mantsje.
Earm en skonk en hân en foet: ‘k Winskje dy in poarsje moed.
Tiger, liuw en foks en bear: Sa. No is myn ferske klear.
*Troch Diet Huber (Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Sek mei jirpels, pûdsje mei hjouwer, hjir hast fan my in klaverke fjouwer.
Kop sûkelade hânfol framboazen, hjir hast fan my ek twa reade roazen.
Koer mei apels, pantsje mei fet, hjir hast fan my in ferjit-my-net.
Wat komt derby? Tûzen bêste winsken fan my foar dy.
Troch Diet Huber (Ut: “De Teltsjebeam” Ljouwert 1976)
Rom bom rommele bom Tryntsje wurdt skielk in tamboer Dan rint se by de muzyk foaroan. wat heart dat wûnderskoan.
PANKOEK ite dat is lekker en je wurd’ sa fol en sêd. Elke moarn dan wurd ik wekker, oars lei ‘k no grif noch op bêd. Yn in oar syn album skriuwe doch ik mei in soad plezier. Koe it altyd mar sa bliuwe, wat wie dan it libben blier.
Troch Jurjen van der Meer (Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok” Ljouwert, 2004)
Op it grutte gele strân fan Skier kuiere ris in âldwyfke sûnder hier en se song foar dy dit ferske o sa blier:
Hasto dalik hielendal gjin tosken mear en dogge alle bonken dy ôfgryslik sear wês mei dyn boartsjen nea in kear klear!
Doch har ferske djip yn dyn kast en asto der dan altyd goed op past dan wurdst do in hele âlde… (folje sels de namme mar yn)
Troch Albertine Soepboer (Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok” Ljouwert, 2004)
Op in tûkje siet in spoekje en dat spoekje hie in pinne, soe dat spoekje skriuwe kinne? Spoekje komris tichterby meitsje ris in fers foar my? Hip! Dêr siet it op dit boek. En wat skreau dat lytse spoek mei har lytse, lytse pintsje? “Anne Berber is myn freondintsje.” En ik ha derûnder set: “Leave Berber, ferjit my net.”
Diet Huber (Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
Myn namme sil ek yn dyn album stean, al sil hy der ek dwers trochhinne gean.
Klim yn de bargemottebeam en yt in bargemottepar, yn trije happen is er fuort en wurdtst in bargemotsje.
…Mar ofst no in bargemotsje bist of in famke mei wyt hier, fan de stjerkes yn dyn eagen wurdt ik altiten like blier.
In sipelmem makke in sipelfers foar har lytse berntsjes, de sipeltsjes rôpen: Wat moai is dat! en skriemden sipeltrientsjes.
Sa moai as dy sipelmem kin ik it net, mar ‘k wol ek gjin ferskes meitsje dêr’t elk dy’t it heart om skrieme moat, men kin ommers better laitsje?
Ja, laitsje en boartsje mar, wês noch mar bliid, dan hast noch in moaie bernetiid.
Diet Huber (Ut: “Fryske poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
Ik hearde dat der in famke wie dat in hiel moai album hie. Albumke mei praatsjes, albumke mei plaatsjes read en blau en giel en grien, kin ik der noch by miskien, yn dit moaie ferskesboek? Tútsje en in oaljekoek!
Troch Diet Huber (Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Cookies
Op de website van heit&mem maken wij gebruik van functionele en analytische cookies.
Functioneel
Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt.De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.