Zoek op inhoud

Filter op:

Freonskip
Fyn ik meielkoar der op út
Tsjin elkoar fuotbalje
Dan hoechst dy net te ferfelen
As ’t no mar gjin traap krijst fan de fuotbalskoech

Harry van der Veen-Bakkefean
Winner gedichtewedstriid 2008

De roazen fertoarkje,
de blommen fergean.
Mar ús freonskip
bliuwt ivich bestean.

Wy boarten faak as famkes,
freonskiplik dei oan dei,
ik hoopje dat dy freonskip
noch jierren duorje mei.
En sjochst yn stille oeren,
dyn album dan ris nei,
dan tinkste, (Trynke)…
dêr boarte ik faak mei!

Wy binne twa freondinnen
En wy sjonge
Wy dogge tegearre o sa’n soad
Wy binne twillingen
Wy boartsje
Wy diele
Sy fynt my leaf
En ik fyn har leaf

Nienke Jagersma

Wolkom Riekje op ‘e skoalle
Wolkom Riekje op ‘e dyk
Altyd nocht oan alle boartsjen
Altyd fleurich, altyd kwyk.

Wat is in foarjier sûnder libben.
Wat is in simmer sûnder sinne.
Wat is leafde sûnder jaan.
Wat is der wol, as it nea begûn.
Wat is in himel sûnder blau.
Wat is de wrâld sûnder dy.

Dêrom tink altyd oan my…

Op dit lytse albumblêd
wol ‘k allinne skriuwe:
Lit, wat ek feroarje mei,
ús freonskip altyd bliuwe!

Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes”, Ljouwert 1962)

Mei rein en hurde wyn
mar ek mei sinneskyn
is der altyd ien dy’t strielt,
en dat bisto!

In aardich lyts famke, ûndogens en stout.
Mar dochs hat (…)
in hertsje fan goud.

Ik wenje net yn in kastiel
yn in gouden mearkestêd.
Ik haw gjin jurken fan flewiel
en ek gjin himelbêd.
Myn fyts is skurf,
myn klean net sjyk,
yn myn beurs sitte gjin sintsjes…
Dochs fiel ik my geweldich ryk
want wy binne freondintsjes!

Troch Lida Dykstra
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)

Ik stjoer gjin sms-ke,
mar skriuw foar dy in ferske
en plak der in plaatsje by,
leaf moai famke, ik hâld fan dy.

Hjir op dit albumblêd
wol ’k allinne skriuwe:
Lit, wat ek feroarje mei,
ús freonskip altyd bliuwe.

Troch E.S. de Jong
(Ut: “Foar fleurige famkes” Wolvegea 1964)