Welkom op de pagina met Friese gedichten. Je kunt hier op de pagina de gedichten filteren op Friese geboortegedichten, Friese poeziealbumgedichten, Friese huwelijksgedichten en Friese rougedichten.
Wil je ook een gedicht insturen? Dag mag via ons contactformulier.
Filter op:
In aardich lyts famke, ûndogens en stout. Mar dochs hat (…) in hertsje fan goud.
Ik stjoer gjin sms-ke, mar skriuw foar dy in ferske en plak der in plaatsje by, leaf moai famke, ik hâld fan dy.
Wat sil beppe no ris skriuwe yn dit albumke fan dy? ‘Silst in aardich famke bliuwe’ of: ‘Do bist in pop fan my?’ Wize wurden? Goede rie? Hoe’t sy sels de dingen die? Nee, mar net. My tinkt, dat ’s better, do moatst alles sels dwaan, letter. Hâld it holtsje der mar by, dan komt it wol goed mei dy!
Troch Diet Huber (Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Wat bisto leaflik famke wy binn’ sa bliid mei dy. Krol hier om ’t sêfte kopke hoe mâl is mem mei dy.
Dyn moaie reade wankjes om yn te biten, ja. De lipkes ree ta patsjen, dêr ik noait genôch fan ha.
En sjoch ik yn dyn eagen fol gouden sinneskyn, by dy is mem noch alles ik fyn al myn lok deryn.
Ast sjongst fan skiep en lamkes fan bûterblomkes giel, of boartest mei de famkes hoe lokkich ik my dan fiel…
Tsjerke heart by toer De pleats heart by de boer De slachter hat in slachterij De bakker bakt der broadsjes by Bôle heart by sjem En …… heart by mem
Op ‘e wjukken fan ‘e wyn stjoere wy dy in trompke, der sitte de bêste winsken yn fan muoike en fan omke.
Diet Huber (Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
Nei dyn bernetiid folget aanst it grutte libben. Soargje datst dan bliuwe meist in seine foar dyn sibben.
Katsje klaut hûntsje knaut michje stekt kopke brekt gatsjes komme yn ‘e hoas mar dyn mem docht hiel wat oars! Mem skriuwt: Berntsje, dit stiet fêst, hasto soarch of noed of lêst hâld de koartswyl der mar by en begjin mar wer opnij, dan giet alles folle better, letter.
Diet Huber (Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
In ferske skriuw ik hjir foar dy, kinsto dit noch wol lêze? Want do praatst soms hiel oars as ik, dochs wol ‘k dyn pake wêze.
Do hast in oare wurdeskat, ik kin net sms’e en leare wol ‘k it ek net mear, want ik wol net wer stresse.
Do bist de hiele dei mobyl, ik moat dêr net oan tinke. Mar as ik yn dyn eagen sjoch, dan kin ‘k dêryn ferdrinke.
Sa grutsk bin ik, ast dat mar witst, datsto myn pakesizzer bist.
Jelle Bangma (Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert 2004)
hjir is in ferske foar myn famke, do bist no hast … jier. Soms sa dartel as in lamke, en altiid like bliid. Skylk ast do grut bist, en it altiid net goed wist. Doch dan wat dyn hert dy ynjout, dan is it ek nea fout.
Do stiest no noch foar it libben, ’t is alles noch sa moai. In jeugd fol fleur en sinne, in wrâld fol blommetoai. Ik ried dy oan myn famke nim goed dyn jonkheid mei, want neat giet yn it libben sa bjuster gau foarby. Mar wêrst ek letter swalkest of wêrt dyn fuotten gean, dyn âldershûs, dyn thús sil jimmer iepen stean!
Thys woudstra. 15-11-’61
Do hast it libben no noch foar dy, en witst net wat it bringe sil; dat is ek goed – mar watsto hân hast yn ’t berteplak sa lyts en stil.
Wêr Mem dy yn‘e ruften wuolle en Heit dy op‘e knibbel ried. Wêrst opwoechst en as minske foarme gjin soargen hiest, gjin grut fertriet.
Dat is dy net mear te ûntnimmen. Ferjit dy tiid foar ivich net. Dat wie de grûnslach foar dyn takomst, op libbensskaekboerd de earste set.
En bisto ienkear âld, fertel dan dyn bernsbern faaks, helje dan op dy ûnbesoarge bernejierren, fêr tusken Itens en de Bargekop.
Omke Klaas Hofstra 29-08-1948
Cookies
Op de website van heit&mem maken wij gebruik van functionele en analytische cookies.
Functioneel
Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt.De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.