Zoek op inhoud

De resinsje fan Yvonne: Spegelrinner

Ik doch de doar fan it seehûs iepen
rin troch de sachte hûd fan sân
nei it geduldige wetter dat my
mei sterke earms optilt út ’e tiid

Spegelrinner – Paul van Dijk

Spegelrinner is in prachtige dichtbondel, skreaun troch Paul van Dijk. Yn dizze bondel nimt er de lêzer mei op in reis troch it hjir en no, mar ek troch it ferline en de takomst. Wy dwale lâns de simmer en de see, lâns oantinkens en tinzen. Mar boppe-al fiert er ús nei de spegel: it plak dêr’t de haadpersoan op syk giet nei himsels.

Doe’t ik de bondel iepensloech en begûn te lêzen, fernaam ik al gau dat ophâlden dreger wie as ferwachte. De gedichten nimme dy mei yn de wrâld fan de ik-persoan, mar tagelyk nûgje se dy út om stil te stean by dyn eigen libben. Do silst neitinke oer dyn eigen hjir en no, oer oantinkens út it ferline en oer wa’tst eins bist.

De bondel is opdield yn seis dielen, elk mei in eigen sfear en in samling gedichten dy’t dêr moai by oanslute. De foarmjouwing draacht ek by oan de lêsûnderfining. De titel fan elk gedicht stiet yn in sêfte griistint, wylst it gedicht sels yn swart printe is. Dêrtroch wurdt dyn oandacht as lêzer fansels nei de wurden lutsen en krije de gedichten alle romte om binnen te kommen.

Wat dizze bondel foar my ekstra bysûnder makket, is it brûken fan ús rike Fryske wurdskat. Wurden lykas dwylsinnich, omskarrelet en twirren toverje by my in grutte glim op it gesicht. Se jouwe de gedichten net allinnich kleur, mar ek in eigen ritme en gefoel. Spegelrinner is dêrmei in bondel dy’tst net allinnich lêst, mar ek ûnderfynst. It is in boek om rêstich by stil te stean, om no en dan in gedicht op ‘e nij te lêzen en om dy meifiere te litten yn ‘e spegel dy’t de dichter de lêzer foarhâldt.

Yvonne Soepboer, Broeksterwâld

De resinsje fan Yvonne: Hagelslach

In kertier ferlyn
wie ’k tritich jierren jonger
en no bin ’k hast wer dea.
Gjin idee
wat dy te wachtsjen stiet
ast âld bist.

Resinsje ‘Kening sûnder hynder’ troch Yvonne

As de kening mei in poerbêst sin de keninklike stâlen ynstapt, wachtet him in aaklike ferrassing: syn hynder is ferdwûn! Resolút giet er op aventoer om syn trouwe kammeraat te finen. Lang hoecht de kening net te sykjen, want bûten de kastielpoarte leit in draak te sliepen – en út de búk fan de draak klinkt it begrutlik: “Hi-hi-hii”. Wat dochst as dyn bêste freon opiten is troch in gigantyske draak? Dan moatst fansels earst efkes slokke. En dêrnei sammelest al dyn moed byinoar om him te rêden.

Resinsje ‘Stip syn moaiste ferhalen’ troch Marlies

‘Memmy. de postboade hat in kadootsje brocht.’ Tegearre mei ús Jelte pak ik it pakketsje út, wat in feest. ‘Oh yes isse Stip’, is syn earste reaksje. We begjinne daliks te lêzen.

Skelte wol in skelter: resinsje fan Elmatine