In moaie kleur blau is brûkt. It makket nijsgjirrich en noadiget út ta lêzen. Want wa is dat jonkje en wêr sjocht er nei? Wa is dat skattige hûntsje? Hiel moai en detaillearre yllustrearre. De titel fan it boek en de skriuwersnamme yn moaie, heldere, strieljende kleuren, in stjer yn it tsjustere blau. Ek de tekst oer it boek is moai koart en iepenbieret net alles fuortendaliks.
Dochter Femke (5) fûn it earst eng, mar doe seach hja it hûntsje en it jonkje. Hja woe witte hoe’t it jonkje hjitte en it hûntsje. Doe’t ik ‘Tije’ sei, priuwde hja syn namme op har lippen. Doe’t ik sei: ‘De hûn hjit Bijke’, sei hja fertrietlik: ‘Sa hjitte ús hûn ek. Mar mem, it is moai dat immen no in boek oer Bijke skreaun hat. Sa wurdt er net ferjitten.’ Hja blêde troch it boek en fûn de yllustraasje dêryn ek wer. Prachtich fûn hja dat. Ik moast gelyk it ferhaal lêze. Hja wie oan it genietsjen. Normaalwei hat hja net folle geduld, mar no wol. Bysûnder.
Myn lêsbelibbing
Gelyk by it iepenslaan fan it boek oerfoel my in bliid gefoel. De yllustraasjes sa prachtich en detaillearre. Sa passend by de byldzjende tekst. Sa as ik it ferhaal foar my seach, sa wiene ek de yllustraasjes. Ek it taalgebrûk is passend by de aventoerlike belibbingswrâld fan in bern. Bern dy’t noch net lêze kinne, betinke har eigen ferhaal by de yllustraasjes, en bern dy’t al lêze kinne, lêze nei myn idee daliks in ein fuort. It hat alles: spanning, aventoer, magysk tinken, skruten wêze mar dochs je wei fine yn in nije omjouwing. It wie in grut feest om dit boek te lêzen en foar te lêzen oan myn dochter Femke.
Foarbyld magysk tinken:
“Kinst op ’e oare skoalle wol wer oare freonen meitsje!” seit mem.
Jaja tinkt Tije. Echt net. In freon kinst net meitsje. In freon is gjin tekening. In freon kinst fine. Ast gelok hast.
It hiele ferhaal tilt op fan moaie tinzen oer hoe’t in lyts jonkje nei de wrâld om him hinne sjocht. Hoe’t er dy yn ieren en sinen fielt en belibbet. Hoe’t er freonskip slút mei in minske oan de râne fan ús maatskippij. Troch leaf te wêzen, behelpsum. In foarbyld foar folwoeksenen. En wat my emosjoneel makke, wie dat it oer in jonkje giet dat der net by heart, trochdat er skruten is. Mar dat er dan troch de leafde foar bisten en syn kunde dêrmei dochs syn stimme fynt en ek syn plakje fynt. Dat fertrouwen haw ik troch dit ferhaal no ek foar myn skrutene dochter Femke. It wie sa moai om te sjen hoe’t har eagen glinsteren by de yllustraasjes. Hoe’t hja genoat fan it tegearre wêzen. Myn foarlêzen foar har.
Femke har lêsbelibbing
Earst wie hja wat balstjurrich. ‘Mem, ik hâld net fan de buorkerij’, sei se by it sjen fan de bisten op de earste side.
Doe’t ik begûn te lêzen, wie se ynienen ien en al ear. Se fûn it fantastysk, sa’n moai makke buorkerij yn in doaze. Wol knap hear fan Tije. De yllustraasjes makken it ferhaal dat ik har foarlies noch libbendiger en noch moaier. Faak wie hja lûdop oan it laitsjen by grappige foarfallen yn it ferhaal. Dan hie hja dêrnei hiele ferhalen dêroer en foarstellingen dêrfan. Al mei al in tige moai berneboek. Foar moaie âlder-bern-mominten.
Om foar te lêzen, yllustraasjes te besjen en alles te beneamen, of foar âldere bern om sels te lêzen. Echt in boekepronkje.
Ik sil dit boek meijaan nei skoalle. Dan kinne de juffen Frysk leare en de bern ek. En krekt sa genietsje as ik en Femke. En it Frysk better behearskje.
Femke en ik hawwe genoaten. Tige tank foar dizze erfaring Mirjam van Houten en Dieuwke van der Meer (haadredakteur heit&mem).
Jitske Nynke Kingma-Postma út Ljouwert
‘Tije’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.
-> Jitske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.