Zoek op inhoud

Sa prate wy thús: Fatma
Talen kleuren het leven van Fatma Abdela. Ze is geboren in Eritrea op een boerderij met veel koeien, kippen en schapen én een kat. Thuis in Eritrea spraken ze Saho, één van de negen talen die Eritrea rijk is. Met anderen spraken ze vaak Tigrinya, een van de grootste talen van het land. Arabisch kon ze alleen lezen.

Sa prate wy thús: Michel en Nienke
Nienke de Boer (42) en Michel van Doorn (49) wenje mei harren dochter Kaatje (5) no al in pear jier yn Tersoal. De húshâlding ferhuze fan Gouda nei Fryslân, om yn It Hearrenfean en nei ferrin fan tiid ek yn Snits in nij filiaal te iepenjen fan harren sieradewinkel. Fan dat stuit ôf nimme se in au pair yn 'e hûs en wurdt neist it Nederlânsk ek it Ingelsk de fiertaal thús.

Sa prate wy thús: Rixt en Erik
Yn Eelde (Drinte) wenje Rixt van der Weide (28) en Erik Groeneveld (29) mei harren soan Daan, dy’t yn febrewaris 2 jier wurdt. Se ferwachtsje yn maaie wer in berntsje. Rixt en Erik ha inoar moete yn harren studintetiid yn Grins. Hoewol’t se allebeide út Fryslân komme, is Erik Nederlânsktalich grutbrocht en Rixt Frysk.

Sa prate wy thús: Femke en Marcelo
Femke en Marcelo wenje sûnt augustus 2023 mei harren beide soantsjes Keano en Milo yn Dronryp. Dêr wurde ferskillende talen praat: Nederlânsk en Ingelsk as fiertaal, mar ek Spaansk en Frysk!
Femke Guldemond (32)
Marcelo Cardoso (34)
Keano (5) en Milo (2)

Sa prate wy thús: René en Jolanda
René en Jolanda Zeldenrust wenje yn It Hearrenfean, binne fan Frysk komôf, mar prate Hollânsk mei elkoar. Mei harren trije bern prate se wol Frysk. Dy hawwe ek Fryske nammen: it famke fan fjouwer jier hjit Simmer, har broerke fan trije Stoarm en de namme fan it jongste jonkje, fan ien jier, is Moanne.

Sa prate wy thús: Renske en Carles
Renske Wijma (37) en Carles Vallès i Castelló (46) wenje mei harren soantsje Ixent-Josep (6) en dochterke Janna-Elisa (3) yn Aldegea Smellingerlân én yn in doarpke flak by de Spaanske stêd Barcelona. Renske praat Frysk mei de bern, Carles Katalaansk.

Sa prate wy thús: Pyt en Mariann
Pyt (65) en Mariann (45) Kloosterman wenje mei harren dochter Csenge (3) yn Drachten. Heit Pyt praat Frysk mei Csenge en anya (mem) Mariann brûkt har memmetaal Hongaarsk mei Csenge. Underling prate Pyt en Mariann Nederlânsk.