Zoek op inhoud

Ek baby’s binne sljocht op foarlêzen. Fan it begjin ôf oan fiele sy de magy fan it ferhaal, ek al begripe se it noch net hielendal. De kleuren, materialen en lûden binne betoverjend! Se iepenje in geweldige wrâld fol dreamen, emoasjes en gefoel. Poppen fan sa’n 3 – 4 moanne ôf binne gek op boekjes fan stof of plestik. Se ‘lêze’ dy noch net echt fansels, mar se kinne se fiele en derop kôgje; in hiel eigen wize om har de boekjes eigen te meitsjen. Badboekjes binne favoryt by dy lytskes!

Stiloan feroaret it lêsgedrach. In bytsje âldere bern hâlde fan boekjes mei flapkes, fielboekjes, boeken mei lûden en kleurige printen. Kies boekjes fan stevich karton, want poppen binne der net sunich op. En papier skuorre, dat klinkt dochs ek magysk? Mear, mear!

 

1. Wêr bisto, lyts oaljefantsje? € 7,50 fan 3 moanne ôf

Bern fine it hearlik om troch de gatsjes fan dit prachtich yllustrearre boekje op syk te gean nei it lytse oaljefantsje. (hurd kaft)
Hjir te bestellen

ynstruminten

2. Ynstruminten € 10,95 – fan 12 moanne ôf

Stevich kartonboekje foar pjutten, mei lûden dy’t de platen ta libben bringe. Witsto hoe’t in piano klinkt? Of in gitaar?
Hjir te bestellen

stip-syn-moaiste-ferhalen-web

3. Stip syn moaiste ferhalen
€ 14,95 
 – fan 3 moanne ôf

Seis fan de moaiste Stip-ferhaaltsjes binne sammele yn dit boek. It is yn it Frysk en hat 117 siden. 
Hjir te bestellen 

product_4764_0

4. Wat fielt Stip? € 11,99 – fan 3 moanne ôf

Fiel hoe sacht it ear fan in oaljefant en in liuw is. Folgje de lijnen fan de sifers 1 oant en mei 5. In prachtich fielboek mei bisten, foarmen, kleuren en sifers.
Hjir te bestellen 

trekkerboek-frysk

5. It aldermoaiste trekkerboek
€ 14,99 – fan 8 moanne ôf

Giest in rûntsje mei op ’e trekker? Frysk, stevich kartonboek mei 16 flapkes en 5 lûden (en in protte trekkerlawaai!)
Hjir te bestellen

6. Boem! Lytse ûle  € 9,95
– fan 6 moanne ôf?

Sjoch hoe’t lytse ûle mei syn wjukken wappert en dan… nei ûnderen falt. BOEM!Wat bart der ast oan de flapkes lûkst? In moai boartersboekje foar pjutten.
Hjir te bestellen

jongebisten

7. Jonge bisten € 9,95 – fan 18 moanne ôf

Yn dit kleurrike kartonboekje steane allegear jonge bisten werkenber ôfbylde yn tekeningen én foto.
Hjir te bestellen

buorkerijbisten

8. Buorkerijbisten € 9,95 – fan 18 moanne ôf

In kleurich kartonboekje mei buorkerijbisten dy’t werkenber ôfbylde binne yn tekeningen en foto.
Hjir te bestellen

hophophynke

9. Hop Hop Hynke € 7,50 – fan 3 moanne ôf?

Bewegingsferskes, knibbeldeuntsjes, rymkes oer bisten of rymkes foar it sliepen gean. In samling nostalgyske en moderne bernerymkes.
Hjir te bestellen

10. Hoi Stip! (buggyboekje) € 7,50

Dit lytse boekje kinst bygelyks oan de buggy hingje en soarget ûnderweis foar in protte wille!
Hjir te bestellen