Zoek op inhoud

Jurne (2): “Mem, sille wy it beskútsje-silen sjen?”

Bernepraatsje ynstjoere →

Lesbrief Rinus

Fan 22 jannewaris o/m 1 febrewaris binne it de ‘Nationale Voorleesdagen’. It Printeboek fan it Jier 2025 is ‘Rinus’ fan Ingrid & Dieter Schubert. In ferhaal oer grut, wyld en sterk wêze wolle, mar soms ek noch wolris in bytsje lyts, en oer moedich wêze en inoar helpe.
Yn dizze lesbrief fine jim suggestjes foar (taal) aktiviteiten om it printeboek hinne. Ditkear gjin Fryske oersetting fan it boek yn de lesbrief, omdat Rinus ek yn it Frysk ferskynt!

Lês mear

Winterboek

Fynsto de winter mar saai? Net mei dit boek!

In boek fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes, spesjaal foar bern fan 2 o/m 6 jier. Mar gau (foar)lêze, sjonge en dwaan!

Hjir te bestellen
libbe

Resinsje Libbe troch Marie

It boek Libbe giet oer in frou dy’t ferhuze is, wylst se earst by har heit yn itselde doarp wenne. De frou, Gryte, fielt har skuldich dat se ferhuzet wylst har heit op sa’n kwetsbere leeftiid is (yn de 90). It ferhaal fertelt hoe’t Gryte de tiid belibbet en springt hinne en wer fan de notiid nei it ferline fan sawol Gryte as har heit.

Fol fjoer foar feilichheid

Se wie altyd hiel ûnbefangen yn har wurk. As de piper gie, gie Marlies fol fjoer as ien fan de earsten op ’e brân ôf, sûnder al te bot nei te tinken oer wat se oantreffe koe. No’t se sels mem wurden is, sjocht se oars nei wenningbrannen. ‘Wat as der bern by belutsen binne?’

sipke ope buorkerij

Sa lêze wy: foto oprop!

Hasto in moaie foto fan jim foarlêsritueel mei in Frysk berneboek? Of hast miskien in leuke foto fan dyn bern dy’t in moai Frysk berneboekje lêst?

Frysk yn ’e klasse: CBS De Sprankeling

Joukje Hamersma is juf fan groep 1 en 2 op CBS De Sprankeling yn Damwâld. Joukje: ‘Ik fyn Frysk geweldich! Wy ha dan ek alle freeds “Fryske freed”, dan jouwe wy de hiele dei yn it Frysk les.