Zoek op inhoud

It is ús mar liend,
de dingen om ús hinne,
dy’t leaf, fertroud en feilich
alle dagen by ús binne.

It is ús mar liend,
ús libben, sûnens en thús.
Wy pakke it oan
as wie it fan ús.

Mar it is ús mar liend
alles wêr’t wy foar sparje
alles wat wy leaf ha
en alles wat wy bewarje.

It is ús mar liend,
ús ierdske dingen rûnom.
Allinne ús oantinkens
binne ivich ús eigendom.

Oersetting: Dieuwke van der Meer