Zoek op inhoud

Hoechst it net allinne te dwaan

In protte âlders, en memmen yn it bysûnder, hawwe it gefoel dat se net oan de ferwachtingen fan de maatskippij foldogge. Se fine de soarch foar harren bern eins te swier. Dat jout in soad skamte, stress en burn-out. Se tinke dat se fale en dat dat oan harrensels leit. Wylst der dus sprake is fan in maatskiplik probleem.

Help

Neffens ortopedagooch Loes Waanders kin it oars. Se seit: ‘Yn in soad oare kultueren wurdt it grutbringen fan bern yn groepen dien; mei in hiele famylje bygelyks. Dat soarget net allinnich foar folle mear ynformele help en stipe, mar ek foar normalisearring.

Sjochst troch dat groepsproses nammentlik dat dyn suster of nicht ek wrakselet mei in beukerdriftbui. En dat dat gedrach normaal is. Yn ús yndividualisearre maatskippij binne soksoarte mominten faak ûnsichtber en basearje wy ús byld ek noch foar in part op sosjale media.’

Autonomy

Hjoed-de-dei krije froulju bern op in leeftiid dat se krekt útfûn hawwe wa’t se binne en wat se wolle. Se hawwe leard foar harsels te soargjen, yn in yndividualistyske maatskippij dêr’t selsûntjouwing en autonomy sintraal stiet.

En dan komt dy langferwachte, tige winske poppe: in kwetsber, folslein ôfhinklik wêzentsje. Fuort is alle autonomy. Ynienen dogge de behoeften fan de frou der net mear ta. Se is mem wurden en de poppe bepaalt hoe’t har dei (en nacht!) derút sjocht.

Tinkbylden

In mem fynt it faak dreech om help te freegjen. Froulju soenen ommers fan natuere soarchsum wêze en maklik út de fuotten kinne mei húshâldlik wurk. Sokke tinkbylden binne ferweve mei ús kultuer. In mem wit ynstinktyf wat har bern nedich hat, is ek sa’n idee.

De hillige Mem Maria wie net foar neat sa lang in wichtich rolmodel. Sy stie symboal foar de leafdefolle, altyd tawijde mem, dy’t gjin oare winsken hat as it wolwêzen fan har bern.

It is tiid om it ideaal fan de Hillige Faam Maria oan ‘e kant te skowen. Memmen binne gewoane minsken.

Wrakselje

Yn de praktyk wrakselje de measte memmen hiel wat ôf: bern dy’t net sliepe of ite wolle, babys dy’t sûnder reden gûle, ensafuorthinne.

Dêrneist binne der in protte dy’t har dea ferfele mei alle húshâldlike taken dêr’t gjin ein oan komt. Of se fiele har iensum as se in hiele dei net mei in folwoeksene praten hawwe. Stikem fine se it mem-wêzen miskien hielendal net sa leuk en fiele se har dêr wer skuldich oer.

Biology

Koartsein: it is tiid om it ideaal fan de Hillige Faam Maria oan ‘e kant te skowen. Memmen binne gewoane minsken.

Mar is it dan net natuerlik dat memmen de measte ferantwurdlikheid foar harren bern drage? Minskapen dogge dat dochs ek?

Wis net, seit minskapesaakkundige Sarah Blaffer Hrdy. Sy wiist derop dat ús ideeën oer de saneamde eksklusive bân tusken mem en bern basearre binne op ûndersyk by in beheind

tal apesoarten, lykas sjimpansees. Der is net folle omtinken jûn oan soarchmodellen fan oare minskapen dy’t krekt wól de soarch foar harren jongen diele.

Pensjoen

Histoarika Noëmi Willemen beklammet dat wy it krijen fan bern te faak ôfdogge as in persoanlike kar: do woest dochs sels bern? Dan moatst der ek foar soargje. Wy prate selden oer ús kollektive bernewinsk. Dat is frjemd, fynt Willemen, want wy rekkenje as mienskip wol op de folgjende generaasje.

De folwoeksenen fan ‘e takomst moatte bygelyks ús pensjoen feilich stelle en foar ús soargje as wy âld en krebintich binne.

Do woest se dochs sels? Dan moatst der ek mar foar soargje!

Hormoanen

Der sit in soad yn it sprekwurd: It takes a village to raise a child. Neffens dr. Nelleke Bakker, haaddosint histoaryske pedagogyk yn Grins, blykt út resint gehechtheidsûndersyk dat it foar bern geunstich wêze kin om meardere opfieders te hawwen. Salang’t it mar gjin passanten binne.

Dêr komt noch by dat de natuer it sa regele hat dat troch kontakt mei bern der by elkenien fersoargjende hormoanen frijkomme. Ek by manlju.

Minskapesaakkundige Blaffer Hrdy: ‘Je soargje net foar bern omdat je fan se hâlde. Je begjinne fan bern te hâlden omdat je foar se soargje.’

Soarchdoarpke

It goeie nijs: je hoege it net allegearre allinne te dwaan. Sterker noch: foar oare minsken kin it in ferriking wêze om in rol te spyljen yn it libben fan dyn bern!

Dus miskien is it net sa raar om ris yn dyn netwurk om te sjen. Miskien kinst in soarchdoarpke om dy hinne bouwe. Dêr wurdt elkenien bliid fan!

Tekst: Janna van der Meer

Helpt dyn bern mei yn de húshâlding?

In skoftke lyn ha wy by de redaksje fan heit&mem fol ferwûndering it boek ‘Jagen, verzamelen, opvoeden’ lêzen. De skriuwster Michaeleen Doucleff beskriuwt ferskate opfiedingswizen fan stammen oer de hiele wrâld. Michaeleen is derfan oertsjûge dat wannear’tst in bern as in folweardich lid fan de húshâlding beskôgest en him/har dus meihelpe litst by (hast) alles watst dochst, dat foar alle partijen op ’e langere termyn better wêze sil.

Natuurlijk Ouderschap

Pake en beppe as oppas, of dochs leaver net?

Wat gjinien dy fertelt oer de kreamtiid (en watsto wol graach witte wollen hiest)

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #11

De Lytse heit&mem is spesjaal makke foar it Taalkado. Yn dit nûmer giet it oer sliepferskes, boarstfiedingstips, oer hoe ast dyn lytse poppe it bêste fêst hâlde kinst en noch folle mear!

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine